Teksel

It eilân Teksel (Hollânsk: Texel, Tekselsk: Tessel) is it grutste fan 'e Westfryske eilannen.

Bestjoerlik is it in selsstannige gemeente. Op Teksel wenje likernôch 14.000 minsken en wurdt fan âlds it Tekselske dialekt sprutsen, dat ta de Westfryske dialektgroep heart. It eilân is 170 km² grut, trochinoar 20 km lang en 8 km breed. Yn 1415 hat Teksel (it gânse eilân) stedsrjochten krigen; dêrtroch is it wat oerflak oangiet de grutste 'stêd' fan Nederlân. De stedsrjochten joegen Teksel al ier in frij grutte selsstannichheid.

Teksel
Satellytbyld fan Teksel
Teksel
Tekselster skiep

Teksel en Aailân

It hjoeddeiske eilân Teksel bestiet eins út twa eilannen: Yn it suden Teksel en nei it noarden ta Aailân. Tusken de eilannen lei it Anegat. Yn 1629-1630 lieten de Steaten fan Hollân de Sândyk oanlizze dy't de twa eilannen meiinoar ferbûn. Yn 1835 rjochte Nicolas Joseph de Cock, dy't oarspronklik út Antwerpen kaam, tegearre mei inkele oare hearen in NV op dy't de kwelder tusken Eierlân en Teksel ynpolderje soe foar agrarysk gebrúk. Yn de nij oanleine Aailânpolder waard yn 1836 in doarp stifte mei de namme Nijdoarp, letter hat it doarp in nije namme krigen: De Koksdoarp.

Lizzing

Teksel leit tusken it Marsdjip yn it suden en it Aailânske Gat yn it noarden. Nei it westen leit de Noardsee, nei it easten leit de Waadsee. Nei it suden is de Westfryske kust sûnt likernôch 1600 wer oaniensletten, dat Teksel is it súdlikste Fryske eilân. It neikommende eilân nei it noarden is Flylân.

Sjoch ek

Keppeling om utens

 
Fryske eilannen
Teksel 
Teksel 

Westfryske eilannen:
Noarderheaks - Teksel - Flylân - de Richel - it Gryn - Skylge - It Amelân - de Kalkman - Rif - Skiermûntseach - Simenssân - Rottumerplaat - Rottumereach - Suderdúntsjes
Eastfryske eilannen:
Boarkum - Kachelotplate - Lütje Hörn - Memmert - Júst - Norderney - Baltrum - Langereach - Spikereach - Wangereach - Minsener Each - Mellum
Noardfryske eilannen:
Helgolân - Jongnammensân - Knyp - Japsân - Sudereachsân - Noardereachsân - Noardstrân - de Halligen - Pälweerm - Oomram - Feer - Uthörn - Söl - Koardesân - Jordsân - Romeach - Mandeach - Faaneach - Langli
Ferdwûn: Bant - Bosk - Buise

Noard-Hollân
Teksel 
Flagge fan de provinsje Noard-Hollân
Aalsmeer - Alder-Amstel - Alkmar - Amstelfean - Amsterdam - Bergen - Beverwyk - Blaricum - Bloemendaal - Castricum - Diemen - Dyk en Waard - Drechterlân - Eastsaan - Edam-Volendam - Felsen - Goaiske Marren - Haarlim (haadstêd) - Haarlimmermar - Heemskerk - Heemstede - Heiloo - De Helder - Hilfertsom - Hoarn - Hollâns Kroan - Huizen - Inkhuzen - Koggelân - Landsmeer - Laren - Medemblik - Opmeer - Purmerein - Saanstêd - Skagen - Stede Broec - Teksel - Uitgeest - Uthoarn - Wetterlân - Widemarren - Wormerlân - Zandvoort
wizigje

Tags:

Teksel en AailânTeksel LizzingTeksel Sjoch ekTeksel Keppeling om utensTeksel1415BestjoerDialektGemeente (bestjoer)HollânskNederlânStedsrjochtStêdTekselskWestfryske dialektenWestfryske eilannen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MinskeHagekrûperMasturbaasjeYndoneezjeKanieldoNegevSensual JaneZevenhuizen (Westerkertier)Franklin D. RooseveltUnderwiisJan Hepkes WoudaDútskTony van der MeulenWrâldsûnensorganisaasje1969TamboraCreative CommonsDampkringWesterlauwerske FriezenDe Holder (literêr tydskrift)Asia (pornografysk aktrise)LatynHylke SpeerstraJierSarah YoungPlantenAchille DevériaHertpuzelGoudWikidataList fan sterke tiidwurden yn it FryskJimmy WalesPrêrjewolfWrâldkampioenskip fuotbalTer Aard24 aprilMya NicholeMegan Salinas1482Simone WestWurdspulISSNSêfte pornografyHarmony WonderNeakenensNoardhoekskFryske gemeentenBeieren8 juny5 oktoberSjongfûgelsKoreaanskRiemkje PitstraTel AvivNyomi MarcelaGermaanske talenPersoanlike kompjûterJasmine BlackOflûken (seksualiteit)Hidde BoersmaRamon (pornografysk akteur)LikedielersLos AngelesMina LuxxReidsjongersSwurdBrazzersLexxxi LockhartJarretankFeanster Feart1780KunnilingusSkotsk🡆 More