It auktoriële perspektyf is in fertelperspektyf dat útgiet fan in alwittende ferteller.
Yn in ferhaal dat op in auktoriële wize ferteld wurdt, komt de lêzer fan alles te witten oer de gefoelens, tinzen en motiven fan alle beskreaune persoanen, om't de ferteller, om sa mar te sizzen, boppe it ferhaal stiet en net bûn is oan ien (haad)persoan. Yn 'e literatuer fan 'e njoggentjinde iuw waard it auktoriële perspektyf faak yn syn klassike foarm brûkt, wêrby't de ferteller him streekrjocht ta de lêzer rjochtet mei soksoarte sinnen as: "En no, achte lêzer, geane wy wer werom nei de held fan dit ferhaal, dy't noch altiten..." of: "Fierderop sille wy útfine oft Jan der yn slagje sil om wurd te hâlden." Hjoed de dei wurdt it auktoriële perspektyf noch wol brûkt, mar ornaris net mear op sa'n yn it each springende manear.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Auktorieel perspektyf, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.