Arthur Rackham

Arthur Rackham (Londen, 19 septimber 1867 - Limpsfield, Surrey, 6 septimber 1939) wie in Ingelsk tekener, skilder en yllustrator fan boeken.

Arthur Rackham
Selsportret, 1934

Arthur kaam út in húshâlding fan tolve bern. Doe't er 18 wie gie er oan 'e gong as kantoarman by de Westminster Fire Office en sette út ein mei in keunststúdzje oan de Lambeth School of Art. Yn 1892 joech er syn baan oer en waard er ferslachjouwer en yllustrator foar de The Westminster Budget. De earste boekyllustraasjes fan syn hân waarden 1893 publisearre yn de The Dolly Dialogues. Hy soe syn hiele libben boekyllustrator bliuwe.

Rackam boaske yn 1903 mei Edyth Starkie; sy krigen in dochter, Barbara (1908). Rackham wûn in gouden ûnderskieding op de Milan International Exhibition yn 1906 en noch ien op de Barcelona International Exposition yn 1911. Arthur Rackham stoar yn 1939 oan kanker yn syn hûs yn Limpsfield, Surrey.

Arthur Rackham syn wichtichst wurk binne de yllustraasjes by de Fairy Tales of the Brothers Grimm (1900), Rip van Winkle (1905), Peter Pan in Kensington Gardens (50 kleurde platen) (1906), en Alice's Adventures in Wonderland (13 kleurde platen) (1907), A Midsummer Night's Dream (40 platen) (1908), Undine (15 platen) (1909), de tekst foar Richard Wagner syn operasyllus Der Ring des Nibelungen ("The Ring of the Nibelung") (mei 34 kleurde platen foar The Rhinegold & The Valkyrie (1910) en 32 kleurde platen foar Siegfried & The Twilight of the Gods (1911) en tal fan oare boeken. In oare klassiker, mei 11 tekeningen fan Rackham nei situaasjes yn stikken fan William Shakespeare, is in edysje foar de jongerein fan Mary en Charles Lamb: Tales from Shakespeare.

Yllustraasjes by de 'Ring' fan Wagner

Keppelings om utens

Ofbylden fan Rackam syn wurk:

Arthur Rackham  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Arthur Rackham fan Wiki Commons.

Tags:

186719 septimber19396 septimberFeriene KeninkrykKeunstskilderLondenSurreyTekenerYllustrator

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Orale seksJulie Skyhigh9e milenniumJoko WidodoNederlânNoard-IerlânGregoriaanske kalinder501 f.Kr.Bogotá (stêd)Grutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2017Saya SongBruce VentureBo SinnStripteaseYnternetGrikelânPieter SijpersmaLexi DiamondKalûgaKingston upon ThamesSwitserlânCharley AtwellMidsiuwenJob CohenWylde apelFlearAudiFazantenGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2015Michael JordanJ.R. CarringtonKryptogramBaalbekNeakenfotografy8e milennium500 f.Kr.PornoakteurSúdsineeske See1790Minnie BeetsBretanjeRené DescartesInga RidereMilfpornografyNon-profitGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2011SkriuwerGroepseks23 junyJeropeeske Uny3100 f.Kr.2000 f.Kr.2201IngelânWaylon Jennings1901 f.Kr.1721Justin Bieber35e iuw f.Kr.Ruben L. OppenheimerBrazilian wax801Jiertiid29 maaieIngelsk🡆 More