Anna Fan Kleef

Anna fan Kleef (Düsseldorf, 22 septimber 1515 — Hester Castle, 16 july 1557) wie keninginne fan Ingelân yn 1540.

Se wie de fjirde frou fan Hindrik VIII.

Anna Fan Kleef
Portret troch Hans Holbein de Jonge

Hindrik boaske Anna, dochter fan hartoch Jehan III fan Kleef (de lieder fan de Dútske protestanten) út politike oerwegingen op 6 jannewaris 1540. Hy socht in (fjirde) frou en hie foar dat doel syn adviseur Thomas Cromwell de Europeeske hôven lâns stjoerd. Hans Holbein makke in fraai portret fan Anna. Doe't Hindrik har yn it echt seach foldie se net oan syn ferwachtings (it portret dat hy te sjen krige is itselde dat hjir ôfbylde is). Nei't sein waard biet hy Cromwell ta dat dy him in 'Flaamsk hynder' op syn dak stjoerd hie. Hindrik, dy't syn lêste frou Jane Seymour koart nei de berte fan harren soan Edwert begrave moatten hie, koe lykwols net mear ûnder dit houlik út. It betsjutte de politike ûndergong fan Cromwell.

De Frânske ambassadeur beskreau har as 'midsmjittich moai'. Se hie brede heupen mar noch út har portret noch út ferklearrings fan tiidgenoaten falt op te meitsjen dat se ûnsjoch wie.

Sa boaske de Ingelske kening mei spyt yn it hert. It houlik hâlde net lang stân. Hindrik liet him al yn juny fan datselde jier fan har skiede. Anna krige in riant jierjild en beskikking oer meardere huzen: Hever Castle (de eardere wenning fan Anna Boleyn), Blenchingly Castle en Richmond Castle. Boppedat krige hja de titel 'suster fan de kening' en waard se in graach sjoene gast oan it hof. Har opfolchster wie Catharina Howard.

Tags:

1515155716 july22 septimberDüsseldorfHindrik VIII fan IngelânKeninkryk Ingelân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TechnologyPierre-Simon LaplaceGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2011Bûnsrepublyk DútslânFormule 1FrankrykFryskRomeinen1Juliaanske kalinderNewcastle upon TyneBretanjeMay ThaiRhode IslandDakota-Oarloch fan 1862List fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenningFazantGrottekleaster fan Pskov501 f.Kr.500 f.Kr.MidsiuwenCreative CommonsSekshâldingTelefyzje3100 f.Kr.Lofthaven Frankfurt am MainMars (planeet)1841Sander WarmerdamIllinoisBorneoWikipedyNon-profitList fan Fryske jongesnammenBrjanskKongres fan WenenLeo XIIIMoandeiMoanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)PearsGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2010De HobbitNikolaaskatedraal (Nizjni Novgorod)Lille167210e milenniumJoe BidenNederlânsk-YnjeFaginaTibearias19559 oktoberMinneapolisJierskemaMaya BijouSean Lawless3101 f.Kr.1 junyPaulina SeikolaYuma (Arizona)Chislehurst1938Transfiguraasjekatedraal (Nizjni Novgorod)Thomas JeffersonRachel WeiszWylde apel1878🡆 More