Anna Koernikova

Anna Sergejevna Koernikova (ek faak stavere as Kournikova; Russysk: Анна Сергеевна Курникова, sekuere transliteraasje: Anna Sjergjejevna Kurnikova) (Moskou, 7 juny 1981) is in Russyske eardere beropstennisspylster.

Hja wennet op 't heden yn Miami, Floarida, yn de Feriene Steaten en hat sûnt 2010 de Amerikaanske nasjonaliteit

Anna Koernikova
Anna Koernikova op 15 april 2002
Anna Koernikova
Anna Koernikova

Hoewol't Koernikova lange tiid yn de top 20 fan de wrâldranglist stien hat, wûn hja nea in profesjoneel toernoai yn it inkeltspul. Sy hat wol in pear kear de heale finale en de finale fan een grut toernoai helle.

Persoanlik libben

Yn 2003 waard Anna Koernikova troch de lêzers fan it tydskrift FHM ta meast kreze frou fan de wrâld keazen. Koernikova hie in lytse rol (as motelmanager) yn de film Me, Myself and Irene, dêr't ek Jim Carrey yn spile.

Koernikova hat sûnt 2001 in relaasje mei sjonger Enrique Iglesias. Sy krigen kunde oan elkoar op de set fan de fideoklip foar syn hit Escape.

Plakken op de WTA-ranglist

Posysje op de ein fan it seizoen:

Jier rang
inkeltspul
rang
dûbeltspul
2003 305 176
2002 35 11
2001 74 26
2000 8 4
1999 12 1
1998 13 10
1997 32 40
1996 65 78
1995 281

Ut de lapekoer

  • Der is in pokerkombinaasje nei Anna Koernikova ferneamd, nammentlik aas-hear, yn it Ingelsk ek wol AK (Ace-King), ûnder it biedwurd sjocht der moai út, wint lykwols komselden.
  • Der is in Nederlânsk kompjûterfirus nei har ferneamd.
  • Sy krige ek de bynamme Lolita.

Boeken

Keppeling om utens

Tags:

Anna Koernikova Persoanlik libbenAnna Koernikova Plakken op de WTA-ranglistAnna Koernikova Ut de lapekoerAnna Koernikova BoekenAnna Koernikova Keppeling om utensAnna Koernikova198120107 junyFeriene SteatenFloaridaMiamiMoskouRussysk

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

2017Menno Bandstra26 febrewarisBruce VentureJulie SkyhighJaylene RioKeiran LeeUleboerdSuze Boschma-Berkhout1564Olivia del RioFebrewarisISO 3166Hellendoorn (gemeente)Jayden Lee1925Rosa CaraccioloSkotlânWhitney TaylorGregoriaanske kalinderWelsum (Olst-Wijhe)American Music AwardSeksuele penetraasjeTriem (ynformatika)Heinrich HimmlerRock 'n roll1859TroudIngelskAcademy of Country Music AwardKya TropicCriss StrokesRedbadKatedraal fan OtrantoGrover ClevelandMaksiminus TraksMarilyn CrystalYnternetFryske gemeentenVoodoo (pornografysk akteur)Duomo San RufinoSeksuele yntimidaasjeHludaneEastlike fjildmûsFryske Bernekrante1576Tiffany Towers (pornografysk aktrise)Jade MarcelaJada StevensAfrikaanske leppelbekRia RodrigezWetBoedismeDigital SinBlauDomtsjerke fan SienaMarijn KuipersGielKunnilingusErflikheidslearDomtsjerke fan GrossetoNederlânUnbemanne fleanmasineAngelina JolieGrinslân🡆 More