Aden (Arabysk: عدن) is in stêd in de Republyk Jemen net fier fan de eastlike tagong fan de Reade See (de Golf fan Aden), sa'n 170 kilometer beëasten Bab-el-Mandeb.
It hiele stedsgebiet wenje sa'n miljoen minsken. Aden syn âlde, natuerlike, haven leit yn de krater fan in sliepende fulkaan dy't no in skiereilân foarmet en mei in lege istmus oan it fêstelân ferbûn is. De âlde haven waard foar it earst brûkt yn de tiid fan it Keninkryk Awsan tusken de 5e en 7e iuw foar Kristus. De moderne haven leit oan de oare kant fan it skiereilân.
Aden | ||
Polityk | ||
Lân | Jemen | |
Gûvernemint | Aden | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 760.923 (2012) | |
Oerflak | 760 km² | |
Befolkingsticht. | 1000 / km² | |
Hichte | 6 m | |
Oar | ||
Tiidsône | GMT (UTC+3) |
Aden bestiet út in tal dielen: de haven, it yndustrygebiet (bekend as Lyts Aden) en Madinat asj-Sja'ab (it eardere Al-Ittihad), it regearsintrum. De foarstêden Khormaksar en Sheikh Othman lizze benoarden de âlde stêd.
Aden wie de haadstêd fan Súd-Jemen oant dat lân wer ien waard mei Noard-Jemen. Dêrnei waard de stêd ta frijhannelssône ferklearre.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Aden fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Aden, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.