Anv-Visser Neerlandia-Priis

De ANV-Visser Neerlandia-priis (ek wol koartwei de Visser Neerlandia-priis neamd) is in Nederlânske priis dy't op jierlikse basis yn in fiiftal kategoryen útrikt wurdt troch it Algemien-Nederlânsk Bûn (ANV).

De winners wurde dêrta troch spesjalisearre sjuerys útornearre binne. Dizze priis waard yn 1958 ynsteld en finansiere troch it Visser Neerlandiafûns, dat foarme is út it beërf fan mr. Herman Visser. Visser wie in Joadske filosoof en jurist dy't ûnder de Twadde Wrâldoarloch sels in ein oan syn libben makke om net troch de nazys nei de konsintraasjekampen stjoerd te wurden. De helte fan syn fermogen liet er dêrby nei oan it ANV.

ANV-Visser Neerlandia-priis
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Anv-Visser Neerlandia-Priis Nederlânsk
útrikt foar toaniel, keunst, kultuer,
klassike muzyk
útrikt troch Algemien-Nederlânsk Bûn
frekwinsje 1x jiers
ynsteld 1958
offisjele webside
www.anv.nl/visser-neerlandia-prijzen

Kategoryen en winners

De Visser Neerlandiapriis wurdt útrikt yn 'e folgjende kategoryen:

Foar dizze prizen komme sawol persoanen as organisaasjes yn oanmerking. Under de winners út it ferline wiene bygelyks: Abel Herzberg, Harry Mulisch, Hella Haasse, Theun de Vries en Haye van der Heyden foar drama; taalkundige Nicoline van der Sijs, de Iepenbiere Bibleteek Kurasau en de Toanielakademy Maastricht foar kultuer; Rudolf Escher en Luc Rombouts foar muzyk; de Lanlike Feriening ta Behâld fan de Waadsee en Amnesty International foar wolwêzen; en Jules de Corte, Liesbeth List en Robert Long foar persoanlike fertsjinste.

Foar in folsleine list mei winners, sjoch op dizze side, op 'e Nederlânske Wikipedy.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1958FilosofyJoadenJuristKonsintraasjekampNazyNederlânSelsmoardTwadde Wrâldoarloch

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

TsjaadIrakHylpenDútsk19 maartShae SummersAldskouNoardfryskNicole BexleyTwadde WrâldkriichNeakenmodelLondenBaskyskAle S. van ZandbergenClara TrinityBeierske wrotmûsBilly GlideDomtsjerke fan MessinaAmerican Music AwardKunnilingusHunter BryceOflûken (seksualiteit)Grammy AwardAVN AwardMarilyn CrystalSarah Young17 oktoberEvelyn LinAlexa FlexyList fan Frysktalige tydskriftenHludaneFjoerVanda VitusTyneEdelgasNational Basketball AssociationSeksuele penetraasjeLimoerhalskankerLexi DiamondWylpreagerfûgelsTsjechoslowakijeBasketbal22 aprilHillichdom fan Us-Leaffrouwe fan de Roazekrâns fan PompeiGeologyBlauEastlike fjildmûsJureka del MarDomtsjerke fan OrvietoGrover ClevelandWesterske wrâldLytse leppelbekMaltaSeksuele yntimidaasjeSkrikkeljier fan tongersdei ôfJasmine BlackDútslânGrypskerkMenno BandstraBo SinnList fan Nederlânske gemeentenSensual JaneEastlike greidwrotmûsHânboekPeter BoszWebsteeNeakenensMoskouKya TropicRottekopAcademy of Country Music Award1990🡆 More