AIK Fotboll — AIK stiet foar Allmänna Idrottsklubben (Frysk: De Algemiene Sportferiening) — is de fuotbalôfdieling fan 'e Sweedske sportferiening AIK út Stokholm.
Begjin 1896, fiif jier nei de stifting fan dizze sportferiening, waard de fuotbaltakke oprjochte. Sûnt 2013, doe't it âlde Råsundastadion ôfbrutsen waard, is de Friends Arena (50.000 plakken) de thúshaven fan 'e klup, dy't fan alle Sweedske fuotbalploegen de measte seizoenen aktyf is yn Allsvenskan, it heechste fuotbalnivo fan Sweden.
AIK Fotboll | ||||||||||||||||||||||||||||
De Friends Arena | ||||||||||||||||||||||||||||
Oprjochte | 1891 (AIK Fotboll sûnt 1896) | |||||||||||||||||||||||||||
Plak | Stokholm, Sweden | |||||||||||||||||||||||||||
Stadion | Friends Arena | |||||||||||||||||||||||||||
Kapasiteit | 50.000 | |||||||||||||||||||||||||||
Foarsitter | Jonny Jergander | |||||||||||||||||||||||||||
Trener | Andreas Alm | |||||||||||||||||||||||||||
Kompetysje | Allsvenskan | |||||||||||||||||||||||||||
|
It seizoen fan 2009 wie de lêste fan 'e alve kearen dat AIK lânskampioen waard. De beskiedende wedstryd tsjin IFK Göteborg waard doe op eigen fjild mei 2-1 wûn.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article AIK Fotboll, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.