Ynternasjonale Styl

Mei Ynternasjonale Styl wurdt in streaming yn de arsjitektuer (en de binnenhûsarsjitektuer) oantsjut yn de perioade fan sa'n 1930 oant sirka 1970.

Ynternasjonale Styl
Súpermerk Schocken, Chemnitz
E. Mendelsohn, (foarbyld nr. 45 út The International Style)
Ynternasjonale Styl
Apartmenthouse
860-880 Lake Shore Drive; Chicago
Mies van der Rohe
Ynternasjonale Styl
Fan Arne Jacobsen, it SAS Royal Hotel yn Kopenhagen; klear yn 1960

De styl is ûntstien út it nije Nije Bouwen. Dy styl lei hieltyd de klam op dingen as funksjonaliteit, strakke foarmen, gjin fersieringen, en moderne konstruksjetechniken. Dizze line is yn de Ynternasjonale Styl fuortset en fierder ûntwikkele.

Men moat wol betinke dat beide streamings dreech út elkoar te hâlden binne: beide oantsjuttingen wurde (foar in part) trochelkoar brûkt. Fermoedelik kin it Nije Bouwen krek fierder yn de tiid set wurde, foar it grutste part foar 1940, as de Ynternationale Styl, dy't foaral nei de oarloch sa neamd wurdt. It bliuwt in wat arbitrêr ûnderskied.

Bekende arsjitekten dy't mei de Ynternasjonale Styl yn ferbân brocht wurde binne bygelyks Le Corbusier, Ludwig Mies van der Rohe, Oscar Niemeyer, Alvar Aalto en Eero Saarinen. It lettere wurk fan Frank Lloyd Wright kin ek ta dizze skoalle rekkene wurde. Fan de meubelûntwerpers kinne ûnder oaren Marcel Breuer en Mart Stam neamd wurde.

De Ynternasjonale Styl hat it meast namme makke mei grutte objekten sa as kantoargebouwen, musea en soks, mar hat ek ynfloed hân op stedebou, wenningbou en meubelûntwerpen. Grutte stedeboukundige projekten dy't ynfloed fan dizze skoalle ûndergien hawwe, binne ûnder oaren Brasilia en Chandigarh (Yndia). In útwreidingsplan as de Bijlmermeer (Amsterdam) soe sûnder de Ynternasjonale Skoalle wierskynlik net sa opset wêze.

Skaaimerken

  • Ienfâldige, utilaristyske, sobere ûtwerpen
  • Skulptuerde foarmen
  • Yndustriële materialen, sa as stiel en glês

Krityk op de Ynternasjonale Styl

De noftere, sobere Ynternasjonale styl hat oant hjoed de dei ek in protte kritisy kend. Foaral grutte publike gebouwen moasten it ûntjilde, men fûn se ûnsjoch, ûnminsklik, steryl, en elitêr. . Dy krityk foel goed yn it lêst fan de twadde helte fan de 20e iuw. Akademisy as Hugo Kükelhaus en de Amerikaanske skriuwer fan bestsellers Tom Wolfe waarden wurdearre om harren krityk, en hawwe bydroegen ta de opkomst fan tsjin-bewegings as it postmodernisme. Krityk op ynternasjonale modernistyske ûntjouwings fan it grutte publyk is sa'n bytsje synonym wurden oan behâldsucht en ferset tsjin nije ûntwikkelingen yn de arsjitektuer yn it generaal.

Besibbe oan

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Ynternasjonale Styl SkaaimerkenYnternasjonale Styl Krityk op de Ynternasjonale Styl Besibbe oanYnternasjonale Styl Keppelings om utensYnternasjonale StylArsjitektuer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

UrkVöllenDirck CamphuysenTwadde WrâldkriichMisjonarishâldingSint-PetersburchNeakenmodelPornografyske filmDraaioargelWurkhûsNeakenensHebriuwske kalinderAdrianus Heringa CatsParysDen Ham (Oerisel)Grut Frysk DikteeSeksuele opwining1632GNU/FDLISO 3166-1StammeRosa CaraccioloSkilderkeunstPeriheliumfwfzbShalina DevineLuna SilverNammeVideo Art HollandPierre WoodmanSjongerMoskwaBoliviaTatoeaazje1564Dyami Millarson1975Puna-ibisYndyske ArsjipelOlstFrouFreddie MercuryOarehelteHypotezeDe BoskTaalPeaskeSlashpuzelOekraïneVladimir PûtinArkansasKartaachske RykNoarwegenTheodor StormFingerjenSasha BeartKampearjenRoekNick LangFoarbeatsjerke oan de NerlFrânsk-GuyanaOranjekoekeFryske BernekranteNôtmûsElegant AngelOezbekistanJosy BlackErnst HaeckelGeslachtsmienskipGrut- en Lyts-Bamastate🡆 More