It Ynternasjonaal Filmfestival fan St.
Louis (Ingelsk: St. Louis International Film Festival), soms ôfkoarte ta SLIFF, is in filmfestival dat elts jier yn novimber holden wurdt yn 'e Amerikaanske stêd St. Louis, yn 'e steat Missoery. It tsiendeiske evenemint waard foar de earste kear organisearre yn 1992, doe noch yn april. Yn 1995 waard it ferskood nei novimber. De organisaasje efter it filmfestival neamde himsels yn 2003 om ta Cinema St. Louis.
Ynternasjonaal Filmfestival fan St. Louis | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Missoery | |
plak | St. Louis | |
tiid fan it jier | novimber | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | SLIFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1992 – no | |
org. troch | Cinema St. Louis | |
offisjele webside | ||
www.cinemastlouis.org |
Tsjintwurdich wurde op it Ynternasjonaal Filmfestival fan St. Louis elts jier mear 300 films fertoand. Yn 2018 wiene der yn totaal 413 films, wêrûnder 88 lange films, 248 koarte films en 77 dokumintêres, dy't ôfkomstich wiene út 63 lannen en territoaria en troch in publyk fan 28.723 minsken besjoen waarden. De bedoeling fan it evenemint is om sinematografy as in keunstfoarm oan te fiterjen troch de produksje en distribúsje fan films te fasilitearjen.
Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan St. Louis wurde de folgjende prizen ferjûn:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Ynternasjonaal Filmfestival fan St. Louis, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.