Willem Engelbart Engelen

Jhr, Mr.

Willem Engelbart Engelen
Willem Engelbart Engelen politikus
W.E. Engelen (om 1850 hinne)
W.E. Engelen (om 1850 hinne)
nasjonaliteit Willem Engelbart Engelen Nederlânsk
lid Provinciale Staten van Friesland =
amtsperioade 1842-1850; 1851-1879
boargemaster fan Ljouwerteradiel
amtsperioade 1852-1854
lid Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal
amtsperioade 1853-1855
lid Deputearre Steaten fan Fryslân
amtsperioade 1854-1875
offisjele webside
Profyl parlement.com

Libben en wurk

Willem Engelbart Engelen waard berne yn Snits, yn de húshâlding fan de doetiidske gritenijsekretaris fan Wymbritseradiel, Daniël Engelen, en Diederica Adema fan Snits. Hy wie de pakesizzer fan Willem Engelen, lid fan de Gearkomste fan Notabelen en de Provinsjale Steaten fan Gelderlân.

Nei in stúdzje rjochten oan it Atheneum Illustre te Frjentsjer studearre Engelen Romeinsk en hjoeddeisk rjocht oan 'e Hegeskoalle yn Utert. Hy fêstige him as advokaat yn Ljouwert yn 1840 en waard sekretaris fan de gritenij Ljouwerteradiel (1840-1852). Hy wie fan 1842 ôf mei in koarte ûnderbrekking lid fan de Provinsjale Steaten fan Fryslân en wie fan 1852 oant 1854 boargemaster fan Ljouwerteradiel.

Fan 1853 oant 1855 wie Engelen konservatyf lid fan de Twadde Keamer fan de Steaten-Generaal út namme fan it kiesdistrikt Snits. Dêr spruts er ûnder mear oer it earmbestjoer en de wettersteat. Yn 1854 waard er deputearre yn Fryslân (dêrom naam er ûntslach as boargemaster, en yn 1855 ek as Keamerlid omdat de funksje te dreech te kombinearjen wie) en fan 1868 ôf wie er plakferfanger by de arrondissemintsbank. Yn 1875 naam Engelen ûntslach as deputearre om reden fan sûnens, mar bleau wol lid fan de Provinsjale Steaten.

Engelen troude yn 1841 mei Sara Suzanna Cats, de dochter fan rjochter en Twadde Keamerlid Jentje Cats, mei wa't er twa soannen en in jongferstoarne dochter krige. Hy is beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw en Kommandeur yn de Oarder fan de Ikekroan.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

181718792 febrewaris23 aprilBestjoerderEngelenFryslânJonkhearJuristLjouwert (stêd)Mr.PolitikusSnits

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

200SelebesseeFrankrykGemme fan BurmaniaJulie Skyhigh2800 f.Kr.Brazilian wax1996Moanne (natuerlike satellyt fan de Ierde)Bogotá (stêd)Lannen en territoariaPaul CustersGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 20141721WikeNederlânsk-YnjeRapunzel10e milennium1601 f.Kr.3001 f.Kr.Fryslân BoppeHTMLOpper-Michigan27 maart25 desimberHindoekalinderFrans HemsterhuisPius XIMidsiuwenih6hzGrutte Priis Formule 1 fan Dútslân 2016Sandy MilzMalawyLexi DiamondNovialSeiun-priisMichelle ObamaList fan ynfieringsdata fan 'e Gregoriaanske kalinder per lânBo SinnFazantDachau (Landkreis)Emiel StoffersDakota-Oarloch fan 1862Noard-IerlânHanns EislerFazantenAmerikaanske presidintsferkiezings (2020)Earste WrâldkriichGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2014Kristina LionPerûJuliaanske kalinderKamui KobayashiWylde apelJehannes de Dopertsjerke (Solikamsk)Grottekleaster fan PskovInga RidereBretanjeBrjanskChislehurst100 f.Kr.Lexxxi LockhartCreative CommonsLapdance2024Sacramento (Kalifornje)TessalonikiSan Paolo fuori le MuraFlear14013600 f.Kr.1400 f.Kr.🡆 More