Upskirt

Upskirt (Ingelsk foar by de rok op) is in foarm fan foyeurisme wêrby't men in frou by har rok of jurk op besiket te sjen om har slipke of mooglik har fagina of stuten te begluorkjen.

Soks kin de foarm oannimme fan it meitsjen fan foto's, sûnder dat dêr tastimming foar jûn is, fan 'e ynkyk by rokken en jurken fan froulju op.

Upskirt
In upskirt-ynkyk by in pin-upgirl.

Moderne ûntwikkelings

Dizze praktyk wurdt ek wol beskôge as in soarte fan seksueel fetsjisme, en is ferlykber mei downblouse, wêrby't men froulju fan boppen by de klean (net spesifyk in blûze) yn besiket te sjen om har dekolletee of boarsten gewaar te wurden. Troch technologyske ûntwikkelings as kameratillefoans kin in foto tsjintwurdich al gau makke wurde sûnder dat oaren it trochhawwe, en fia spesjalisearre websiden op it ynternet kin sok fotografysk materiaal no frijwol daliks mei de rest fan 'e wrâld dield wurde.

Upskirt 
In detail fan it skilderij De Touter, fan Jean-Honoré Fragonard.

Der binne gefallen bekend fan manlju dy't in kamera yn in koffer ferburgen en dy koffer bgl. op it perron fan in drok treinstasjon sa delsetten dat se wachtsjende froulju ûnder de rok filmje koene. Yn Dútslân en ferskate Amerikaanske en Australyske steaten binne tsjin it meitsjen en dielen fan ûnautorisearre upskirt-foto's wetten oannommen, mei't dy praktyk beskôge wurdt as in ynfaazje fan 'e privacy fan 'e oangeande frou en as in oanfal op har weardichheid. Yn Nederlân is soks (noch) net strafber, mar wurdt it wol beskôge as ûnfoechsum gedrach.

Skiednis

It idee fan upskirt-ynkyk en de belangstelling fan manlju dêrfoar is net nij. Op it skilderij De Touter, fan 'e Frânske keunstskilder Jean-Honoré Fragonard, út 1767, is bygelyks te sjen hoe't in jongedame yn hoeprokken oan it touterjen is, wylst in jongfeint himsels sa op 'e grûn posysjonearre hat, dat er by har rokken yn sjen kin eltse kear dat hja nei foarren swingt. Letter kaam út dy belangstelling de kan-kan fuort, in dûns wêrby't de dûnseressen op it poadium harren rokken optilden foar it publyk. Sok hâlden en dragen waard trouwens yn dyselde tiid yn foarname fermiddens as folslein ûnbetamsum en ûnferjoulik beskôge.

Sjoch ek

downblouse

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References en Further reading, op dizze side.


Tags:

Upskirt Moderne ûntwikkelingsUpskirt SkiednisUpskirt Sjoch ekUpskirtFaginaFotoFrouIngelskStuten

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

GjûmriSineeske karaktersBoccia op de Paralympyske SimmerspullenPornoaktriseRoemeenjeElektrisiteitSkriuwerWalesAnale seksRomeHiphopRostov oan de DonKarmelitenGrutte-boarstesjenreBaanhurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 2000André GideTuberkuloazeMitogondriaal DNATwadde WrâldkriichBesnijenisMegyn KellyNoardkaapTwitterFoarsitterAutodykMiamiGemme fan BurmaniaMartelderSpulJack NicholsonReligieuzeFerstoarEuroBill GatesSkearmês fan OckhamPolly PonsMauretaanjeFazanteftigenOrale seksISSN1951Marilyn CrystalKatedraal fan RouenÛntslachFollybal op de Olympyske Simmerspullen 2000/StrânfollybalWrâldkampioenskip fuotbal 1994Zaya CassidyBasketbal op de Olympyske Simmerspullen 2000Nadia MoeradEastseeMassachusettsAlderheljenkatedraal (Tûla)MekkaAtlantaBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1972Adolf HitlerTsjerke fan it Hillich Antlit fan Kristus de Ferlosser (Sotsjy)SkotlânBreednoasapenEmiel StoffersHânbal op de Olympyske Simmerspullen 2000HeidenskTadzjikistanHeipealhâldingRedbad Klijnstra-KomarnickiAldjiersdeiCityJetTeudebert II27 maartTbilisiSkiedkundige🡆 More