Slach By Skellinkhout

De Slach by Skellinkhout fûn plak yn 1282 by it doarp Skellinkhout yn (West-Fryslân), tusken it leger fan de Hollânske greve Floris V en in legermacht fan West-Friezen.

De West-Friezen waarden troch Floris ferslein en moasten him as Hear erkenne.

Eftergrûn

Yn 1256 hienen de West-friezen de Hollânske greve Willem II fermoarde doe't hy in rôftocht hâlde yn it Westfryske goa Westflinge. Syn soan en opfolger Floris teach sa gau't er de jierren hie op tsjin de Westfriezen. Mei in grut leger foel Floris by Wijdenes wraaksuchtich it gebiet fan de Westfriezen yn, flakby Skellinkhout stjitte hy op de legermacht fan de Friezen. Yn de slach dêrnei waarden de Friezen ferpletterjend ferslein. Neffens de skreaune skiednisboarne foelen der tusken de 600 en 1200 Westfriezen yn de striid.

Troch de nederlaach kaam der in ein oan de frijheid fan de Westfriezen en rekken sy harren ûnôfhinklikens foargoed kwyt oan it Greefskip Hollân. Yn West-Fryslân ferriisden oan alle kanten stinzen. De Westfriezen besochten dêrnei noch in oantal kear yn ferset te kommen, mar soene sûnt dy tiid hieltyd betwongen wurde. Floris V naam de titel oan fan Hear fan Fryslân, de bewenners waarden hearrigen, moasten belesting betelje en kamen ûnder it greeflik rjucht (1289).

Boarne

  • D. Kalma, Skiednis fan Fryslân, (Grou, 1965), side 136,

Tags:

1282Floris V fan HollânFriezenGreve

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Melissa Lauren25 aprilHypotezeJeropeeske Ekonomyske RomteWylde einWytmaskeribisAda SanchezJisterSlowaakskBiskop15 aprilPieter BreukerStoarmtroeper (Star Wars)StraasburchSasha GreyNomenklatuer1564WurkhûsSithTiemen GroenLaura Gemser2 septimberShania TwainAuke BoonemmerKate MoreWillem III fan Oranje-NassauPierre Woodman22 maaie1632Atlantyske OseaanFilipinenVeronica Brazil11 septimberWeenske oesterJohnny Depp1933Johnny CashIvy SherwoodTsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste DagenSlûsKatee OwenHavenNeakenensTrommeList fan Fryske famkesnammenGreefskip Bentheim (Landkreis)MaleizjeAlfabetKristoffel KolumbusKeizerspjocht2009KryptogramBiblioteekRussyske dwerchhamsterYndyske ArsjipelTheodor StormHamasJapanCottagestylNoardfryskKristendomJezabel VessirDe SwemmerMaserati XXXMoskouSasha Beartfjetnam15 desimberNapali Video1925Spoar fan Dimter nei AlmeloKommunistysk Manifest🡆 More