Michail Saltykov

Michail Jevgrafovitsj Saltykov-Sjtsjedrin (Михаил Евграфович Салтыков-Щедрин); 27 jannewaris 1826/15 jannewaris 1826 yn it doarp Spas-Ugol, gûvernemint Tver - 10 maaie1889/28 april 1889 yn Sint Petersburch), better bekend ûnder syn skriuwersnamme Sjtsjedrin (Щедрин), wie in ferneamde Russyske satirikus yn de 19e iuw.

Nei de dea fan de dichter Nikolai Nekrasov, waard er redakteur fan it wichtige Russyske tiidskrift "Современникъ" (Sovremennik).

Michail Saltykov
Saltykov-Sjtsjedrin troch I.N. Kramskoj

De famylje Golowljow

Saltykov hat in grut oeuvre neilitten, ien wurk dêrút wurdt ta de klassikers fan de Russyske literatuer rekkene: De famylje Golowljow (1880). Dy satiryske sosjale roman giet oer it morele, fysike en geastlike ferfal fan de famylje Golowljow en de Russyske provinsjale adel yn it generaal. “De famylje Golowljow” is in markant foarbyld fan it Russysk kritysk realisme. It boek is een korreksje fan it byld fan de provinsje sa't dat bygelyks troch Tolstoj en Toergenjev oproppen wurdt.

“De familie Golowljow” waard opnaam yn de Russyske Bibleteek fan Utjouwerij Van Oorschot.

Literatuer en boarnen

  • E. Waegemans: Russische letterkunde, 1986, Utert
  • Karel van het Reve: Geschiedenis van de Russische literatuur, 1985, Amsterdam
  • A. Bachrach e.o.: Encyclopedie van de wereldliteratuur, 1980, Bussum
  • Maarten Tengbergen: Klassieken van de Russische literatuur, 1991, Utert

Tags:

10 maaie15 jannewaris1826188919e iuw27 jannewarisSatireSint PetersburchTver

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

PoalenList fan sterke tiidwurden yn it FryskBasketbalRae Lil BlackWest-DútslânSúd-KoreäApollo 11MeartalFrânskDrachtster FeartBritish AirwaysShae SummersDiskusjefoarumRie fan de Jeropeeske UnyJean-Yves LecastelFisigoatenItaljaansk1527East-AazjeLânJozef KutSensual JaneKealkopibisMidsiuwenAb urbe conditaArtefakt (archeology)Lexi Diamond6e iuwDiamond JacksonRomeKollumerskMisjonarishâldingLibanonScience fictionParysAfrika1947PsychologyStraasburchFedja van HuêtCody BryantNicolas SarkozySliep1949StielUndertitelingBettie PageFellatioJayden LeeSkotlânTelegram (applikaasje)Islamityske kalinder1900TaartpuzelBoedismeTsjonger1710Rock and rollEdith PiafBirma11e iuwFilm noirSeksuële omgong480Plantaazje26 april8e iuwBruce VentureWetterPavel Doerov🡆 More