Sibbel Fan De Ryp

Sibbel fan De Ryp is in gedicht en folksferske fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Joast Hiddes Halbertsma (1789-1869).

It waard foar it earst publisearre yn 1829, as ûnderdiel fan 'e lytse ferhale- en dichtbondel De Lapekoer fan Gabe Skroar, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. Sibbel fan De Ryp ferhellet oer in kreaze jongfaam fan De Ryp (in âlde beneaming foar Dronryp), dy't út te reedriden giet. Elts wol wol mei har, mar hja hat har hert al ferjûn, dat it kin neat mear wurde.

Sibbel fan De Ryp
algemiene gegevens
auteur Joast Hiddes Halbertsma
taal Frysk
foarm gedicht
1e publikaasje 1829, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel De Lapekoer fan Gabe Skroar
(no: Rimen en Teltsjes)

Tekst

                    Sibbel fan De Ryp
    Sibbel fan De Ryp stiet op 't skerp;
    Sil ride.
    Wol ris nei Harns op redens ta;
    Lit glide!
    Allinne ride,
    En noait net glide
    Mei frjemd folk wol hja. Traldra.
    Is Sibbel nin tsjep faam? seit sy;
    Wa bliuwt der in tsjep faam mei my?


    Dêr tsjen de keaplju op har ta
    Mei heakken.
    "Moai famke," sizze sy, "ryd net
    Yn wjekken."
    Mar hja oan 't rekken
    Docht lange skekken.
    Neat te keap! seit hja. Traldra.
    Myn waren binne te djoer foar jy;
    Siik yn 'e stêd jins kreammerij.


    't Studintsje wonk te Frjentsjer my
    Woe patsje.
    Lei sêftkes om myn hals syn hân,
    Sei: "Skatsje!"
    Meist my net patsje,
    Al seiste, skatsje
    Feint, studearje do! Traldra.
    Mar Sibbel hat nin boekje foar dy:
    De flinkste faam yn 't gea is sy!
    Is Sibbel fan de Ryp nin tas?
    Lit saaie!
    Mei my lei mannich hearke op,
    Woe aaie.
    Meist my wol flaaie,
    Mar 't kin net aaie.
    Hearke, hannen thús! Traldra.
    Sibbel is in flink kant faam, seit hja;
    Wol hearehân net oan har ha.


    Hâldt Sibbel fan De Ryp nin streek
    Yn 't riden?
    O! Ja, as sy mei har leaf feint
    Mei glide.
    Dan kin 'k wol ride,
    En lit my glide
    Yn syn earmen. Traldra.
    Bin 'k net in rappe faam op it iis?
    Mar wa wol ride mei in biis?


    Is Sibbel net foar har leaf feint
    Allinne?
    Hy is in boer, en ik wurd syn
    Boerinne.
    Ik wol him minne,
    En lit se rinne
    Dy't my sa aaikje. Traldra.
    Bin 'k net in echte faam fan 't lân?
    In boer jou ik myn hert ta pân.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1789182918691871Bruorren HalbertsmaDe Lapekoer fan Gabe SkroarDe Ryp (doarp)DichtbondelDichterDronrypFamkeFerhalebondelFolksferskeFryslânGedichtJoast Hiddes HalbertsmaReedridenRimen en TeltsjesSkriuwer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Crista Moore (pornografysk aktrise)2006WetOrlando (Floarida)Monargy66HY2005Britske prinsen-gemaal en keninginnen-gemalinneKVina SkyMarketingBangladesjFingerjenRoemeenjeAberystwythOktaafXAgnostisismeSharon Lee (pornografysk aktrise)1977Megan Vaughn1809Juliaanske kalinderSwitserlânDie Hard with a VengeanceTAndor (telefyzjesearje)14 febrewarisAGerald Ford62ItaaljeAndor1451ReinwâldIraanske kalinderNGlasgowPortegal3Abby Lee BrazilFeriene keninkrykNes (Noardeast-Fryslân)Myl194926 jannewarisEjakulaasjeCowgirlhâldingÓrlaith íngen CennétigJulyYnformatikaNoard-Koreä20132014RavensbrückSkriuwer1920HielûnthâldingElizabeth Bowes-LyonAreKlitorisRoomsk-katolike tsjerkeTuneezjeAuto1994Slowakije🡆 More