Seeslach

In seeslach is in militêr treffen tusken skippen of oare fartugen op in oerflaktewetter.

Yn 'e regel spilet soks him op see ôf (dêrfandinne de namme), mar it kin ek plakfine op in mar of in rivier, al is de oantsjutting yn dy gefallen wat misliedend. Seeslaggen komme al sûnt minskewitten foar, en binne nei alle gedachten like âld as de skipfeart sels. De earste skriftlik dokumintearre seeslach datearret fan 1210 f.Kr., doe't op 'e Middellânske See by Syprus de Hettiten de Syprioaten fersloegen.

Seeslach
Oanfal op 'e Medway, in skilderij fan Pieter Cornelisz. van Soest.

Troch de iuwen hinne binne it aard, it oansjen en de fermogens fan 'e skippen dy't oan seeslaggen dielnimme, drastysk feroare, fan 'e triremen út 'e Klassike Aldheid fia de galjoenen út 'e santjinde iuw en de slachskippen út 'e iere tweintichste iuw oant de dûkboaten en fleandekskippen fan tsjintwurdich. Nettsjinsteande dat binne de measte taktyske prinsipes fierhinne itselde bleaun. Men kin dan tinke oan it belang fan it útfieren fan maneuvers foarôfgeande oan 'e seeslach, om in sa geunstich mooglik útgongspunt foar jinsels te skeppen, en de winsklikheid om op in stuit de striid ôf te brekken as jins hiele float ferlern driget te gean.

Fan âlds binne der twa manearen om yn in seeslach de fijân te ferslaan:

  • It ferneatigjen fan 'e skippen fan 'e fijân. Dat kin troch it besjitten fan dy skippen mei swiere projektilen, lykas kanonskûgels, it yn 'e brân stekken fan dy stikkpen troch it gebrûk fan fjoerpylken of brâners of it ramen fan dy skippen dat se lekslane en sinke. Yn 'e tweintichste iuw kaam dêr noch by it útstjoeren fan bommesmiters fan in fleandekskip om 'e float fan 'e fijân te bombardearjen.
  • It feroverjen fan 'e skippen fan 'e fijân. Dat waard yn it ferline faak dien troch se te interjen, mar it komt tsjintwurdich yn echte oarlochfiering net of amper mear foar, hoewol't it noch wol dien wurdt troch kommando's yn 'e striid tsjin seerôvers of terroristen.

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, Sources en Further Reading, op dizze side.

Tags:

1210 f.Kr.BoatHettitenMarMiddellânske SeeMilitêrOerflaktewetterRivierSeeSkipSkipfeartSkriftSyprus

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

700 f.Kr.1769TueringenRoomsk-Katolike Tsjerke27 maartGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2010Romeinske RepublykMisjonarishâldingDavid Ben-GurionAugsburg1739May Thai2024Katolike Tsjerke1969Frysk Boun om UtensFrouKamui KobayashiTelefyzjeSymmetryFormule 1Gregoriaanske kalinderJehannes de Dopertsjerke (Solikamsk)NeakenensYves BaillatGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2015Mars (planeet)19961754CowgirlhâldingSwedenJulie SkyhighMicrosoft WindowsKya TropicSekshâldingRuslânTwitter601YouTubeSan Fransisko8e milenniumOrale seks100 f.Kr.Loadewyk XVI fan FrankrykMediaWiki2001901 f.Kr.TibeariasPieter Sijpersma1301Sasha BeartBorough (Feriene Steaten)Finlân1790SinaFrankrykInes RidereNoard-MasedoanjeBaalbekIllinoisPaulina SeikolaJulia Tchernei7e milennium🡆 More