Sándor Márai

Sándor Márai, earst Sándor Grosschmid de Mára.

(Košice, 11 april 1900 - San Diego, 22 febrewaris 1989) wie in Hongaarsk skriuwer en sjoernalist.

Sándor Márai
Sándor Márai skriuwer
Sándor Márai
persoanlike bysûnderheden
echte namme Sándor Grosschmid de Mára
nasjonaliteit Sándor Márai Eastenryk-Hongarije
berne 11 april 1900
berteplak Košice
stoarn 22 febrewaris 1989
stjerplak San Diego
etnisiteit Hongaarsk
wurk
taal Hongaarsk
sjenre roman, sjoernalistyk
prizen Kossuthpriis (postúm)

Biografy

Márai waard berne yn Kassa (doe yn Eastenryk-Hongarije, no Košice yn Slowakije), yn in magyarisearre Saksyske boargerhúshâlding. Hy studearre yn Leipzig, Frankfurt en Berlyn, en wie tusken 1923 en 1929 korrespondint fan de Frankfurter Zeitung yn Parys. Hy sette wurk fan Franz Kafka en Georg Trakl oer yn it Hongaarsk. Fan 1929 ôf ferskynden romans, ferhalen, essays en toanielstikken fan syn hân.

Nei't Márai in skoft yn Italië wenne hie, emigrearre er nei de Feriene Steaten, dêr't er him nei wenjen sette yn San Diego. Hy bleau publisearjen yn syn memmetaal, mar syn boeken berikten mar in lyts publyk, omdat syn wurk yn Hongarije – op dat stuit kommunistysk – tsjin hâlden waard. In feriensume Márai die himsels tekoart yn de âldens fan 88 jier.

In jier letter, yn 1990, waard syn haadwurk A gyerták csonkig égnek (1942) op 'en nij yn it Hongaarsk útbrocht. Yn 1998 waard it yn it Italjaansk oerset en troch de Italjaanske kritikussen bot priizge. Dêrnei rekke it wurk fan Márai fluch wiidferneamd. Yn 1999 wie Hongarije it haadtema op de Frankfurter Buchmesse en ynienen begûn it boek te rinnen. Nei in besprekking fol fan lof fan de wichtige Dútske kritikus Marcel Reich-Ranicki op telefyzje waard de roman in bestseller.

Wilens hat Márai syn wurk in fêst plak ferôvere yn de Europeeske literêre kanon fan de 20e iuw.

Bibliografy

Oersettingen yn it Nederlânsk:

  • Idegen emberek (1930) - Vreemdelingen (1934, oersetters László Székely en Madelon Székely-Lulofs), útj.: Nederlandse Keurboekerij Amsterdam,

Yn Nederlân binne sûnt Márai fannijs ûntdutsen waard de folgjende boeken útjûn (Wereldbibliotheek, Amsterdam):

  • A gyertyák csonkig égnek (1942) - Gloed (2000, oers. Mari Alföldy), .
  • Eszter hagyatéka - De erfenis van Eszter (2000, oers. Mari Alföldy),
  • Föld, föld!... - Land, land!... (2002, oers. Mari Alföldy),
  • Zendülők - De opstandigen (2003, oers. Henry Kammer),
  • Vendégjáték Bolzanóban - De gravin van Parma (2004, oers. Margreeth Schopenhauer),
  • Az Igazi/Judit - Kentering van een huwelijk (2005, oers. Henry Kammer),
  • Válás Budán - De nacht voor de scheiding (1939/2006, oers. Lászlo Székely en Madelon Székely-Lulofs),
  • Egy polgár vallomásai - Bekentenissen van een burger (2007, oers. Henry Kammer),
  • Sirály (1943) - De meeuw (2009, oers. Frans van Nes),

Galery

Keppelings om utens

Sándor Márai  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sándor Márai fan Wiki Commons.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Sándor Márai BiografySándor Márai BibliografySándor Márai GalerySándor Márai Keppelings om utensSándor Márai11 april1900198922 febrewarisHongarijeSan DiegoSjoernalistSkriuwer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

David Ben-GurionNedersaksenGeslachtsmienskipAleksander I fan RuslânGrutte Priis Formule 1 fan Monako 20108e milennium2024BaalbekDaisy Summers1577Julie SkyhighLofthaven Frankfurt am MainGrikelân1496Charley AtwellGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2011Katolike TsjerkeBogotá (stêd)Ferdrach fan FerdunEarste WrâldkriichGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2014Leif ErikssonGemme fan BurmaniaGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2018Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2016TaiwanList fan Amerikaanske Yndianestammen mei federale erkenningGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2017Lionel MessiIngelânAtapaskyske talen1841KatowiceErotykDick Wilson (stammepresidint)AudiSymmetrySinaGrutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2013Rapunzel28e iuwMarilyn Crystal23 junyShae SummersParaguayBretanje17871601 f.Kr.Orale seksBruce Venture22 julyMeterWikidataFryske talenFryslânSkiedkundigeNoemiJ. MacGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2010Amerikaanske presidintsferkiezings (2020)The SimpsonsItaaljeOrenburg (oblast)500Sacramento (Kalifornje)Michael (aartsingel)🡆 More