Roel Bokke Span

Roel Bokke Span (Koarnjum, 20 maaie 1943) is in fierljepper en reedrider.

Ljeppe

Doe’t syn heit Sjoerd Span ien fan de oprjochters fan it wedstrydljeppen waard, begûn Roel Bokke ek mei dy sport. De boeresoan wûn hy op 10 augustus 1963 de sânde edysje fan it Frysk Kampioenskip Fierljeppen. Doe't er fjirtjin jier wie wûn er syn earste wedstriid, yn Wânswert ûnder Burdaard. Hy slagge dêrnei om acht kear Frysk kampioen te wurden, in rekord. Yn 1964 en 1968 wûn George Valkema, mar oant en mei 1972 wie it Roel Bokke dy't de krânse en de Sulveren Pols wûn.

Hy wie fluch, eken en koe hiel hurd rinne wêrtroch't er de stok fier yn it wetter sette koe. Sa koed er wol in pear klimslaggen meitsje. Hy klom oan de sydkante fan’e pols. Net lyk as no, mei de pols tusken de fuotten. Want mei de útsprong koe yn dy tiid wûn wurde. En dat wie syn spesjaliteit. Troch syn linigens hoegde er net nei te tinken oer dy horizontale útsprong. Hy waard ek twaris nasjonaal kampioen. Yn 1966 ûntstie de twakamp Hollân-Fryslân, in wedstriid tusken de bêste springers fan de Fryske en Hollânske Ljeppersbûnen. Yn 1972 ienen de earste Nederlânske Kampioenskippen Fierljeppen. De houten polsen wienen doe al ferfongen troch aluminium polsen en hienen in lingte fan 8,50 oant 11 meter. Troch ien opsetstik fan ûnbeperkte lingte koe de stok ferlinge wurde. Ek waard de technyk ferbettere. De earste Nederlânsk Kampioen wie Roel Bokke Span mei in sprong fan 15.45 meter. Yn dy tiid kamen der wol in trije- minsken te sjen.

De sykte MS betsjutte letter in grutte oanslach op it libben fan de sportman dy't neist ljepper ek keatser en reedrider wie. Tige grutsk wie er op de priis Meest verdienstelijke Friese langebaanrijder dy't er krige fan in groep langebaanriders dêr't er yn de jierren sechtich mei nei de wedstriden ta gie.

Ride

Waard yn 1967 as reedrider 22e op it NK Allround.

Keppeling om utens

Tags:

194320 maaieFierljepperKoarnjumReedrider

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Webloch1966PakistanBangladesj29 oktoberW4e iuwJoaden326 jannewarisFaginaVTiid188221e iuw1EmdenKlútJ1 maartDoede VeemanSovjet-UnyMontrealMyte1980KoloanjeKeulenSkimmelsMichelle TuckerBinnensteatWolfDaisy SummersHebriuwske kalinderRoomsk-katolike tsjerkeKubaLânNIrakList fan grutste stêden yn DútslânThe King's Speech (film)WiskundeDifyzjeKragujevac1901EasternijtsjerkNoardgermaanske talenHendrik Goeman BorgesiusThe Monuments MenGermanen2e iuwHalona Vog14 maartJuliaanske kalinderWikipedyStynske weet1933Shay FoxHillige Roomske RykCatharina Rebecca WoesthovenWet96IerlânJapanske yenNederlân9 oktoberAmerikaanske dollar1981Sry LankaT-sekshâldingSpanjeMarcel Dupré🡆 More