Ramtferhaal

In ramtferhaal of ramtfertelling is in narrative technyk wêrby't in beskaat ferhaal de omlisting foarmet foar ien of mear oare ferhalen.

Yn it ramtferhaal wurdt dan de fertelling fan dy oare ferhalen taret of fan kontekst foarsjoen. It ramtferhaal kin poer in ynliedend (en oan 'e ein fan it wurk ek wer "útliedend") karakter hawwe, mar it is ek mooglik dat it ramtferhaal eins it wichtichste diel fan it fiksjewurk is, wylst it ferhaal-yn-it-ferhaal mar in bykomstichheid is. Troch de technyk fan it ramtferhaal kin in skriuwer of in regisseur de lêzer of sjogger ynformearje oer saken oangeande it ferhaal-yn-it-ferhaal dy't oars dreech te begripen wêze soene. Yn films kinne op dizze wize ek net botte ynteressante omstannichheden, dy't oars wiidweidich mei bylden útlein wurde moatte soene, mei in pear sinnen tekst oerbrocht wurde. Gauris giet it by it ferhaal-yn-it-ferhaal om in flashback.

Foarbylden fan bekende literêre wurken mei in ramtferhaal binne de Arabyske mearkes fan Tûzen-en-ien Nacht, de ferhalebondel The Canterbury Tales fan Geoffrey Chaucer (ein 14e iuw), it toanielstik Faust fan Johann Wolfgang von Goethe (1790), en de romans Wuthering Heights fan Emily Brontë (1847), Max Havelaar fan Multatuli (1860) en Heart of Darkness fan Joseph Conrad (1899). Foarbylden fan bekende films mei in ramtferhaal binne Doctor Zhivago (1965), The Princess Bride (1987) en Braveheart (1995).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.

Tags:

FerhaalFerhaal yn in ferhaalFiksjeFlashbackNarratologyRegisseurSkriuwerTekstYnlieding

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

MakauPeriodyk systeem fan de elemintenWierumElvis Presley2005Nazy-DútslânReuzepandaYndiaaske kalinderWim de BieZ2018Utwreiding fan de Jeropeeske UnyWenen9 oktoberThunderball (film)SekondeNoard-KoreäOlympyske SpullenAbby Lee BrazilThe Monuments MenNij-KaledoanjeMea NabermanWâldMiranda WerkmanKleurVina Sky1946Pamela Anderson1970-er jierren5 jannewarisCrista Moore (pornografysk aktrise)99J. MacAda SanchezAndor (telefyzjesearje)Sandy MilzOktaafSkilderijRugbyShay Fox1995Carles PuigdemontHenry David ThoreauHeather LeeIrakEBritske prinsen-gemaal en keninginnen-gemalinne2LatynRadioTiidMarijn Kuipers1901Foarum foar DemokrasySteatsline HJunyMoriah MillsMargareta Drummond, keninginne fan Skotlân26 jannewarisKaribysk NederlânAteneSpulKlassikusSharon Lee (pornografysk aktrise)RynPrimaten1981Eve MadisonKlam (taalkunde)JapanskBasilyk fan Us-Leaffrou-te'n-Himelopnimming (Swol)Keunst🡆 More