Paris Berelc

Paris Berelc (Milwaukee, 29 desimber 1998) is in Amerikaansk aktrise en model.

Hja is benammen bekend wurden mei rolen yn bernesearjes, lykas dy fan Skylar Storm yn Mighty Med en Lab Rats: Elite Force, op 'e tillefyzjestjoerder Disney XD.

Paris Berelc
Paris Berelc akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Paris Berelc
nasjonaliteit Paris Berelc Amerikaansk
berne 29 desimber 1998
berteplak Milwaukee (Wiskonsin)
etnisiteit Paris Berelc Hongaarsk
jierren aktyf 2013 – no
offisjele webside
Paris Berelc op Twitter

Libben en karriêre

Jonkheid

Berelc waard yn 1998 berne yn Milwaukee yn 'e Amerikaanske steat Wiskonsin. Se is fan etnysk Hongaarsk komôf, en hat trije jongere susters: Bless, Joelie en Skye. Berelc groeide op yn Germantown, in foarstêd fan Milwaukee. Mei fjouwer jier siet se al op dûnslessen en de folgjende njoggen jier die se ek oan turnjen.

Yn 2007, doe't se njoggen jier wie, waard se 'ûntdutsen' troch it modelleburo Ford Models. Yn 'e jierren dêrnei wurke Berelc mei oan hûnderten advertinsjes foar winkelkeatlings as Boston Store, K-mart, Kohl's en Sears. Yn 2009 stie se op 'e omslach fan it novimber/desimber-nûmer fan it tydskrift American Girl.

Aktearkarriêre

Yn 2010, doe't se tolve jier wie, begûn Berelc aktearlessen te folgjen oan 'e Acting Studio Chicago. Twa jier letter besleaten har âlden om mei har nei Los Angeles te ferhúzjen, sadat se besykje koe en begjin in karriêre yn 'e film- en tillefyzjeyndustry fan Hollywood. Dat wurkpaad sette Berelc útein yn 2013, doe't se fjirtjin jier wie.

Berelc har earste rol wie daliks in haadrol: se spile Skylar Storm yn 'e komyske bernesearje Mighty Med, foar de tillefyzjestjoerder Disney XD, oer in sikehûs foar superhelden. Dy rige rûn twa seizoenen, fan 2013 oant en mei 2015. Yn 2015 spile se yn 'e tillefyzjefilm Invisable Sister, fan it Disney Channel, de rol fan Molly, dy't troch har jongere suster Cleo (spile troch Rowan Blanchard) by fersin ûnsichtber makke wurdt.

Nei't Mighty Med datselde jiers stopset wie, kroep Berelc yn 2016 op 'e nij yn 'e rol fan Skylar Storm foar de spin-offrige Lab Rats: Elite Force. Yn 2018 wie se fierders te sjen as Alexa yn 'e Netflix-searje Alexa & Katie. Dat jiers hie se ek in gastrol yn in ôflevering fan 'e bernesearje The Thundermans.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Paris Berelc Libben en karriêreParis Berelc Keppelings om utensParis Berelc199829 desimberAktriseBernesearjeFeriene SteatenMilwaukeeModel (berop)RolTillefyzjestjoerder

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Katedraal fan RouenBeverly HillsBûsboekjeCowgirlhâldingLudwigshafenTeodoasius de GrutteHonoluluEtiopysk-Otterdokse TsjerkeSydneyRafael NadalFridtjof NansenNoelle EastonReykjavikLexi DiamondFrankrykSwitserlânWrâldkampioenskip fuotbal 1994Aldenburch1986Desmond TutuEiffeltoerNapelsNoardfryskVladimir PûtinRuslânFryskKavia20 aprilArmeenjeGymnastyk op de Olympyske Simmerspullen 2000Famylje (besibskip)Heather LeeValéry Giscard d'EstaingFrankenthalKigaliImpala (antilope)Gemme fan BurmaniaBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2008Wrâldkampioenskip fuotbal 1950Feriene SteatenBarack ObamaSineeske karaktersKwissipedyTwadde iuwFerlossertsjerke yn it doarp Ubory (Moskou Oblast)Sean LawlessCambridgeSinaKomôf1324Daisy SummersKoptysk-Otterdokse TsjerkeFloarus- en Laurustsjerke (Tûla)Rosa CaraccioloMia LelaniCIASkiednis fan SinaSanta Maria MaggioreSlach by Poitiers (732)Frankfurt am MainHelpRoeien op de Olympyske Simmerspullen 2000Michael JordanRomeinen1988SielJezus Kristus (kristlik-tradisjoneel)UnderwiisGrutte Merk (Brussel)🡆 More