Owen Gleiberman

Owen Gleiberman (Lausanne, 24 febrewaris 1959) is in Amerikaansk filmkritikus en publisist.

Hy is de haadfilmkritikus fan it foaroansteande tydskrift Variety.

Owen Gleiberman
persoanlike bysûnderheden
echte namme Owen Gleiberman
nasjonaliteit Owen Gleiberman Amerikaansk
berne 24 febrewaris 1959
berteplak Lausanne (Switserlân)
etnisiteit Owen Gleiberman Joadsk
wurkpaad
berop/amt filmkritikus, publisist
jierren aktyf 1981 – no
offisjele webside
Owen Gleiberman op Twitter

Libben en karriêre

Jonkheid en oplieding

Gleiberman, dy't fan etnysk Joadske komôf is, waard yn 1959 yn it Switserske Lausanne berne út Amerikaanske âlden. Hy waard grutbrocht yn Ann Arbor, yn 'e Amerikaanske steat Michigan. Hy studearre oan 'e Universiteit fan Michigan.

Karriêre

Gleiberman begûn syn sjoernalistike karriêre yn 1981 as filmkritikus foar de krante The Phoenix, dy't útkomt yn trije edysjes yn Portland (Maine), Providence (Rhode Island) en Boston (Massachusetts). Dêr bleau er oant 1989. Dêrnjonken publisearre er yn dy tiid ek yn tydskriften as Premiere en Film Comment. Yn 1990 gied er oan it wurk foar it blêd Entertainment Weekly.

Gleiberman joech guon fan sammele resinsjes út yn in bondel mei as titel Love and Hisses ("Leafde en Ssst", in wurdboarterij, mei ferwizing nei de stilte dy't yn 'e bioskoop betracht wurde moat, op Love and Kisses, "Leafde en Tuten").

Nei't er yn 2014 by Entertainment Weekly opholden wie, waard Gleiberman yn maaie 2016 by it foaroansteande tydskrift Variety oansteld as haadfilmkritikus, in funksje dy't er dielde mei Peter Debruge. Ek bekritisearret er films op 'e radiostjoerders NPR en NY1. Hy is in lid fan 'e New York Film Critics Circle (NYFCC). Yn 2009 publisearre er ûnder de titel Movie Freak syn autobiografy, dy't útkaam by Hachette Books.

Keppelings om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

Owen Gleiberman Libben en karriêreOwen Gleiberman Keppelings om utensOwen Gleiberman195924 febrewarisFeriene SteatenFilmkritikusPublisistTydskriftVariety (tydskrift)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Karma RosenbergLibbenMahabharataDomtsjerke fan OrvietoHylpenMartijn Theodoor HoutsmaSeksboartersguodVoodoo (pornografysk akteur)1896RedbadEtrusken9e iuw f.Kr.EdelgasJenny PoussinEuroTripFrysk Ynternasjonaal KontaktSuffolkDomtsjerke fan SienaMay ThaiGryptsjerkEastlike greidwrotmûsSaotomeeske pappegaaidoList fan Frysktalige tydskriftenAlexa FlexyPavel DoerovSûpengrottenbrijBo SinnMicrosoft WindowsWebsteeMahina ZaltanaTurkskHeather LeeSekshâldingFrysktalige WikipedyGraham SwiftKylee Strutt1968BlessuereNeakenensAugust TaylorWopke de VegtLytse leppelbekHludaneCharles III fan it Feriene KeninkrykAnouk WipprechtLuna CorazónCherokee d'AssMuzykKatedraal fan PadûaDe DoelleazenAVN AwardLietLondenBeierske wrotmûsAteneAlbum (muzyk)FjoerKatedraal fan NotoPappegaaidowenHelen DuvalHellendoorn (gemeente)FeankeninginneCJ MilesHimelfeartsdeiMoskouTatrawrotmûsOseanografyCowgirlhâldingDomtsjerke fan Massa Marittima🡆 More