Op Anna's Dea

Op Anna's Dea is in gedicht fan 'e hân fan 'e Fryske skriuwer en dichter Eeltsje Hiddes Halbertsma (1797-1858).

It waard foar it earst publisearre yn 1854, as ûnderdiel fan 'e ferhale- en dichtbondel Leed en Wille en de Flotgerzen, dy't letter, yn 1871, mei it oare wurk fan 'e bruorren Halbertsma útgroeie soe ta de ferneamde samling Rimen en Teltsjes. Op Anna's Dea is in oangripend treurdicht fan in heit om it ûntidich ferstjerren fan syn jonge dochter. Halbertsma skreau it gedicht nei oanlieding fan 'e dea fan syn eigen dochter Anna Petronella Halbertsma (1832-1851), dy't mar njoggentjin jier âld waard.

Op Anna's Dea
algemiene gegevens
auteur Eeltsje Hiddes Halbertsma
taal Frysk
foarm gedicht
1e publikaasje 1854, Dimter
oarspr. útjwr. fa. J. de Lange
bondel Leed en Wille en de Flotgerzen
(no: Rimen en Teltsjes)

Tekst

                    Op Anna's Dea
    Myn Anna, dy’t sa rein as snie,
    En my sa nei oan ’t herte wie,
    De leafling fan myn siele;
    Myn Anna, och, myn ingelin,
    It blomke fan myn húsgesin;
    Wa kin myn rouwe fiele?
    ’k Moat krite as in bern;
    Dy haw ik no ferlern.


    ’k Moat treurje, God, sa inichlyk:
    Dat famke wie myn himelryk,
    Dat hjir sa koart mar tierde;
    Dat as in fûgel foar my song,
    Of dertel as in lamke sprong,
    En hiel myn hûs fersierde;
    Dy lust, dy gloarje fan myn hûs,
    Fermodd’ret yn har klûs.


    O, leave, dy ferjit ik net;
    Dat bliere each, dat freonlik hert
    Stiet ivich foar myn eagen.
    Myn okkebyld, myn ingelin!
    Do wykste nea wer út myn sin,
    Al sto ik oer de weagen,
    Dyn byld is ivich tichteby:
    It stiet, it praat foar my.
    Mar tankje God foar ’t koart besit;
    Want hearlik, treastlik is it jit,
    Dat hja al op dizz’ ierde
    Sa goed, sa from en freedsum wie;
    Sa’n ingeleftich wêzen hie
    En nea myn hert beswierde.
    Mar, och, ik mis har al te ier;
    Dat falt myn herte swier.


    No bloeit gjin blomke mear foar my,
    Gjin ljurkje sjongt syn melodij,
    Dat oars myn hert sa strielde;
    De simmer hat gjin freugd’ foar my;
    Nee, d’ ierde is my ’n woastenij
    Mei al syn plantewielde,
    No’t ik alles haw ferlern
    Yn dat oanminnich bern.


    De hjerstwyn blaast de blêden wei,
    En wy, wy stow’ har efternei,
    En wurde ’n hânfol ierde.
    De stim, dy’t hjoed sa hearlik klonk,
    De blom, dy’t ús temjitte blonk
    En hôf en fjild fersierde,
    As God almachtich winkt,
    Ferdôvet en fersinkt.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

179718321851185418581871Bruorren HalbertsmaDeaDichtbondelDichterDochterEeltsje Hiddes HalbertsmaFerhalebondelFerstjerrenFryslânGedichtHeitJierLeed en Wille en de FlotgerzenRimen en TeltsjesSkriuwerTreurdicht

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

KeningsleppelbekPuna-ibisRosa CaraccioloGalaktysk KeizerrykISO 3166-1Meindert HobbemaHTMLDelftAkkrumKompjûteranimaasjeFoarbeatsjerke oan de NerlFykologyNeakenensDraaioargelMinnie BeetsYndoneezjePalestinenWenenRigtje BoelstraNapali VideoVienna BlackHavenJ. MacRoekSophie HilbrandKristendomKontraktPornoaktriseHynderDe BoskEjakulaasjeErnst HaeckelFryslânAazjeTiidKartaachske RykFingerjenOranjekoekeEasterseeGangbangJosy BlackOlstYndyske ArsjipelFellatioKatoenAllegoryReality KingsVöllenSaratovFrouTweintichste iuwStasjon MariënbergStormy DanielsNôtmûsJulie SkyhighBoeing C-17 Globemaster III22 maaieAugust TaylorGymnastyk op de Olympyske Simmerspullen 1936WurkhûsLoni LegendSkimmelsr6h8nStimSjongsterKoalstofNederdútskBibel🡆 More