Minskerjochteflagge

De Minskerjochteflagge is in yn Nederlân brûkte flagge dy 't symboal stiet foar de lykweardigens fan alle minsken op ierde, en moediget minsken oan om de minskerjochten te respektearjen en te stypjen.

It doel fan de flagge is om wrâldwiid bewustwêzen te kreëarjen foar it belang fan minskerjochten en om minsken te ferienigjen yn harren ynset foar gelikensens en respekt foar de fûnemintele rjochten fan eltsenien. De flagge waard offisjeel lansearre op 10 desimber 2020.

De Minskerjochteflagge
De Minskerjochteflagge

Inisjatyf

De Minskerjochteflagge is in Nederlânsk inisjatyf en waard lansearre troch de Nederlânske antydiskriminaasjeburo's dy 't gearwurkje ûnder de namme Discriminatie.nl. De flagge is betocht troch Tûmba, it kennissintrum diskriminaasje en diversiteit yn Ljouwert.

Untwerp

De flagge is ûntwurpen troch de Ljouwerter ûntwerper Menno de Boer. It útgongspunt foar it ûntwerp wie it idee dat der in soad is dat ús as minsken mei-inoar ferbynt, lykas it dielen fan de ierde, de loft en in plak ûnder de sinne, en dat wy allegear besteane út DNA, nettsjinsteande ús uterlike ferskillen. De ûntwerper hat dizze gedachte oerset nei it ûntwerp fan de flagge, wêrby 't er de foarm fan in DNA-strang as útgongspunt naam en dy kombinearre mei de kleuren fan de ierde (grien), de loft (blau) en de sinne (giel). De flagge leit de klam op dat wat minsken ferbynt.

Gebrûk fan de flagge

Nederlânske gemeenten en ambassades wrâldwiid hise de Minskerjochteflagge op 10 desimber. Op dizze dei wurdt jierliks stilstien by de Dei fan de Minskerjochten. Ta oantinken oan 10 desimber 1948 doe’t de “Universele Verklaring van de Rechten van de Mens” troch de Feriene Naasjes oannommen waard.

De flagge kin derneist bygelyks ek brûkt wurde op 21 maart, de Ynternasjonale Dei Tsjin Rasisme & Diskriminaasje, en by de betinking fan it slavernijferline.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Minskerjochteflagge InisjatyfMinskerjochteflagge UntwerpMinskerjochteflagge Gebrûk fan de flaggeMinskerjochteflagge Keppeling om utensMinskerjochteflaggeFlaggeMinskerjochtenNederlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1878Juliaanske kalinderGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2011Skearmês fan OckhamGrutte Priis Formule 1 fan Japan 201235e iuw f.Kr.Grutte Priis Formule 1 fan Belgje 2012ItaaljeYouTubeBo Sinn1001SwitserlânDimter (gemeente)Jiertiid501 f.Kr.Ygo Gaeles Galama843Gysbert Japiks216 f.Kr.Lexxxi LockhartGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2017ISSN1836Stasjon WinsumFormule 1 yn 20163401 f.Kr.Lannen en territoariaThe SimpsonsPornoakteur3101 f.Kr.Wrâldkampioenskip fuotbal 1974Frânsk1901 f.Kr.New York CityPatriargepaleis en de Tsjerke fan de Tolve ApostelsGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 201732e iuw f.Kr.Thomas JeffersonRuslânSinaHêgelânspoar23 junySekshâldingBratislavaMoandei1501Grutte Priis Formule 1 fan Itaalje 20141978TaiwanRomeinske RepublykJohan DerksenPerûOrenburg (oblast)Lolita (pornografysk aktrise)NedersaksenGrutte Priis Formule 1 fan Japan 2014Joyce OliveiraNoard-Masedoanje2401San Jose (Kalifornje)NederlânIllinoisAnna fan BretanjeTurkije25 maaieHarmony Wonder1500J.R. CarringtonNederlânsk-YnjeIo (moanne)1955Roomsk-Katolike Tsjerke🡆 More