Michaël Zeeman

Michaël Zeeman (Marken, 12 septimber 1958 - Rotterdam, 27 july 2009), wie in Nederlânsk dichter, skriuwer en literatuerresinsint.

Fan 1995 ôf wie er ek presintator fan it VPRO-tillefyzjeprogramma "Zeeman met boeken".

Michaël Zeeman
Michaël Zeeman op it terras fan it museum foar moderne keunst yn Rome

Zeeman wie in soan fan in grifformearde dûmny op it eilân Marken. De hûshâlding ferhuze nei Fryslân doe't heit Zeeman predikant waard yn Burdaard. Letter waard er dûmny yn Ljussens. Zeeman gie doe nei de Christelijke Scholengemeenschap "Oostergo" yn Dokkum, dêrt er op it Atheneum siet. Dêrnei studearre er inkelde jierren filosofy yn Utert en yn Grins. Mei 15 jier hie er al in baantsje (1974) by boekhannel 'De Tille' yn Ljouwert. Yn de tachtiger jierren skreau er poezijresinsjes foar de Ljouwerter Krante en letter ek foar NRC Handelsblad.

Zeeman krige yn 1991 de C. Buddingh-priis foar it bêste poëzijdebút foar de bondel Beeldenstorm.

Michaël Zeeman stoar yn de âldens fan mar 50 jier oan harsenstumor. Hy waard beïerdige op it Algemien Begraafplak Crooswijk yn Rotterdam.

By it opromjen fan syn appartemint yn Rome die bliken dat er sa'n 40.000 boeken samle hie: dy bibleteek waard yn 2010 feild yn Leien.

Publikaasjes

  • Gezegend elk geschrift waarvan ik meen dat het haar roemt (1986)
  • Beeldenstorm (1991)
  • Verhoudingen, gedichten (1995)
  • De verduistering, ferhalen (1995)
  • God zij met ons (1997)
  • Wie kan het paradijs weerstaan (2006) Briefwikseling mei Abderkader Benali
  • Michaël Zeeman: Aan mijn voormalig vaderland (2010) Bondeling kritiken.
  • Zo las hij, zo leefde hij (2012)

Fierders gedichten en ferhalen yn Hollands Maandblad en Optima.

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

12 septimber1958200927 julyDichterLiteratuerkritikusMarken (eilân)NederlânRotterdamSkriuwer

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Fryslân BoppeJuliaanske kalinderOpper-MichiganYuma (Arizona)Formule 1 yn 2010LogikaAleksander Nevskikatedraal (Nizjni Novgorod)1500SARS-CoV-2CowgirlhâldingGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2016Kamui KobayashiKarel II fan IngelânList fan Fryske jongesnammenJulie SkyhighAntillenThomas JeffersonJ. MacBorneoJudas Iskariot180669 (sekshâlding)Io (moanne)Echte apolloflintersTaiwanLockheed F-104 StarfighterLatynHin600ChislehurstUpstalbeamGrottekleaster fan Pskov7e milenniumJapanTsjechjeTurkijeMidsimmerfeestStromnessTsjerken fan de Arsjitektuerskoalle fan PskovYnterrasiale pornografyAleksander I fan RuslânSacramento (Kalifornje)Wyt-RuslânSekshâlding26 maart23e iuw1878PrzewalskihynderHaadsideOblast OrenburgInga RidereParaguayBûsboekje1 juny21 febrewarisGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 20141 oktobern5nuoRae Lil Black1e iuwDeastraf1600 f.Kr.Microsoft WindowsAlde EgypteNeakenensFellatio🡆 More