Mantel-En-Degenfilm

In mantel-en-degenfilm is in sjenre fan films dat karakterisearre wurdt troch in histoaryske eftergrûn, swurdgefjochten en in heldhaftige haadpersoan.

It kin beskôge wurde as in subsjenre fan 'e histoaryske film, mar ek as in subsjenre fan 'e aventoerefilm. De Ingelske term foar dit filmsjenre is swashbuckler film, in namme dy't ôflaat is fan in buckler, in lytseftich skyld dat yn 'e Midsiuwen wol foar swurdgefjochten brûkt waard. In dúdlik ôfgrinzge subsjenre fan 'e mantel-en-degenfilm is de piratefilm. Mantel-en-degenfilms kinne oerlaapje mei guon oare sjenres, lykas de sandalefilm.

Mantel-en-degenfilms spylje yn 'e regel fan 'e Lette Midsiuwen (Robin Hood) en de Renêssânse (De Trije Musketiers) oant de tiid fan 'e Frânske Revolúsje of it begjin fan 'e njoggentjinde iuw (Zorro). Sokke films omfetsje swurdgefjochten (faak mei degens ynstee fan wiere swurden), aventoerlike helden en faak ek in 'jonkfrou yn need' dy't rêden wurde moat, wat dan foar in romantysk elemint soarget. De moraliteit fan 'e film is yn 'e regel glêshelder (en ûnreälistysk): de protagonist is fan in folslein ûnbesmodzge karakter, wylst de antagonist delset wurdt as in gemiene smjunt dy't nearne ta doocht.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

AventoerefilmFilmHaadpersoanHeldHistoaryskHistoaryske filmIngelskMidsiuwenSandalefilmSjenreSubsjenreSwurd

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

17411672Felipe MassaBûnsrepublyk DútslânFormule 1 yn 2018PinsjoenTueringenIllinois1301LilleBosnje26 maartFreedGrutte Priis Formule 1 fan Maleizje 2014Grutte Priis Formule 1 fan de Feriene Steaten 2015Lionel MessiLeif ErikssonOcca Johanna RipperdaMichelle ObamaGrutte Priis Formule 1 fan Jeropa 2016Adolf Hitler1300IngelânAldheidBaalbekLjouwert (stêd)EkshibisjonismeMinnie BeetsGrutte Priis Formule 1 fan Dútslân 2016Frysk Boun om UtensSarah YoungLeo XIII3101 f.Kr.2201Inkele HoarnJeropaMasturbaasjeAugsburgFryslân1878238 f.Kr.11496SekshâldingGrutte Priis Formule 1 fan Monako 2010BefolkingGrutte Priis Formule 1 fan Bachrein 2010List fan states en stinzen yn FryslânOflûken (seksualiteit)35e iuw f.Kr.IngelskDakota-Oarloch fan 1862FuotbalFeriene Keninkryk1701 f.Kr.Brjansk2001Ygo Gaeles GalamaGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2010NasjonalismeFormule 1RuslânMars (planeet)Max VerstappenGrutte Priis Formule 1 fan Singapoer 2011BelgjeKatowiceGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2014J.R. CarringtonAlpen🡆 More