Kristiaan Vii Fan Denemark

Kristiaan VII fan Denemark (Kopenhagen, 29 jannewaris 1749 – Rendsburg, 13 maart 1808) waard yn 1766 yn 'e âldens fan 17 jier kening fan Denemark en Noarwegen en hartoch fan Sleeswyk en Holstein.

Kristiaan VII folge syn heit Freark V op.

Kristiaan VII fan Denemark
Kristiaan Vii Fan Denemark aadlik persoan en/of hearsker
Kristiaan VII
Kristiaan VII
bertedatum 29 jannewaris 1749
berteplak Kopenhagen
stjerdatum 13 maart 1808
stjerplak Rendsburg
dynasty Hûs Oldenburg
Kening fan Denemark
regear 1766-1808
foargonger Freark V fan Denemark
opfolger Freark VI fan Denemark
Kening fan Noarwegen
regear 1766-1808
foargonger Freark V fan Denemark
opfolger Freark VI fan Denemark
Hartoch fan Sleeswyk
regear 1766-1808
foargonger Freark V fan Denemark
opfolger Freark VI fan Denemark
Hartoch fan Holstein
regear 1766-1808
foargonger Freark V fan Denemark
opfolger Freark VI fan Denemark
Greve fan Oldenburch
regear 1766–1773
foargonger Freark V fan Denemark
opfolger Paul I fan Ruslân

Fanwegen de mentale tastân fan 'e kening, dy't nei alle gedachten fan skizofreny te lijen hie, waarden alle besluten fan it regear yn syn tiid as kening troch syn neiste riedjouwers nommen. Dy keninklike riedjouwers ferskilden ôfhinklik fan wa't de machtsstriid om 'e troan hinne wûn. Offisjeel wie Kristiaan VII in absolutistyske kening, mar yn 'e realiteit wied er in polityk finzene sûnder trouwe oanhingers yn 'e binnenste rûnten fan it hôf.

Yn 'e jierren 1770-1772 wie de hôfarts Johann Friedrich Struensee de facto de allinnehearsker fan it keninkryk. Hy makke fan dy posysje gebrûk troch in hiele rige foarútstribjende herfoarmings troch te fieren. Struensee waard yn 1772 ôfset en neitiid foarmen Kristiaan's styfmem keninginne-widdo Juliane 1Marie, syn healbroer kroanprins Freark en Ove Høegh-Guldberg de feitlike machthawwers fan it keninkryk. Sûnt 1784 oant de dea fan Kristiaan VII yn 1808 wie syn soan kroanprins Freark, de lettere kening Freark VI, de ûnoffisjele mar feitlik funksjonearjende foarst.

Jongerein

Kristiaan waard om 01:00 oer op 29 jannewaris 1749 op 'e Christiansborg berne. He wie de soan út it earste houlik fan kening Freark V mei prinses Louise fan Grut-Brittanje. Deselde deis waard er noch doopt troch de hôfpredikant Johannes Bartholomæus Bluhme. Syn heit en mem hiene yn 1745 ek al in bern mei deselde namme krige, mar dy ferstoar yn 1747 en sadwaande waard Kristiaan as âldste soan kroanprins. Prins Kristiaan hie by de berte al twa suskes, prinses Sofie Magdalene (berne yn 1746 ) en Wilhelmine Karoline (berne yn 1747). Letter krige er yn 1750 noch in suske, dy't de namme Louise krige.

Kristiaan Vii Fan Denemark 
Kopergravuere fan Kristiaan VII (1754).
Johann Martin Preißler (1715–1794)

Doe't Kristiaan skraachwurk trije wie, ferstoar syn mem Louise yn 'e âldens fan 27 doe't hja fan har sechde swier wie. Syn heit troude doe op 'e nij mei Juliane Marie fan Braunschweig-Wolfenbüttel, dy't yn 1753 mei de kening in soad krige, prins Freark, dus in healbroerke fan kroanprins Kristiaan.

Nei de iere dea fan syn mem waard de jonge grut sûnder de soarch fan âlden. Syn styfmem Juliane Marie hie gjin ynteresse yn Kristiaan en joech de foarkar oan har eigen soan, prins Freark. Syn heit wie wakker ûnferskillich foar de jonge Kristiaan oer, in bleu en gefoelich jonkje dy't boppedat lêst hie fan epileptyske oanfallen. Dochs waard Kristiaan beskreaun as in positive persoanlikheid mei kwaliteiten op it mêd fan it analisearjen fan swierrichheden en ûnthâld. Hy learde Deensk, Dútsk en Frânsk en wist himsels hiel goed te presintearjen. Ek wie de prins in goed dûnser, mar hy wie fan natuere ek nerveus.

De beneaming fan Detlev von Reventlow (1712–1783) as hôfmaster hie gjin positive ynfloed op dy nerveuzens fan Kristiaan. Reventlow bedoelde it nei alle gedachten goed, mar hy wie ek in opljeppend man en hie gjin kunde fan pedagogyk. Hy yntrodusearre in systeem fan bestraffing om mei geweld de kunde by te bringen, sûnder him te bekroadzjen oft it wol oan kaam by de jonge. Der wurdt fanút gien dat de mishanneling fan Reventlow it empatyske fermogen fan de jonge oantaaste, wêrtroch er him as in skruten, mar tagelyk ek as in kwea persoan ûntwikkele mei in langstme nei wraak en brek oan betrouwen yn oare minsken. In talint dat er hiel goed ûntwikkele en wêrfan er wist hoe dat te brûken wie spot. Hy hie de measte wille om de predikanten en de minsken om him hinne de gek oan te stekken.

De kroanprins hie ek oare leararen, mar dy slaggen der net yn om de ynfloed fan Reventlow op it ûnderwiis te feroarjen. Kristiaan hie in tige goede relaasje mei syn learaar Frânsk, de Switser Elie Salomon François Reverdil, dy't by Kristiaan de ynteresse yn 'e filosofy en de Ferljochting wist op te roppen.

Kening

Kristiaan Vii Fan Denemark 
Kening Kristiaan VII.

Nei in siikbêd ferstoar Freark V op 14 jannewaris 1766 yn 'e âldens fan 42 jier en op 'e selde dei waard Kristiaan op it balkon fan Christiansborg útroppen ta kening. Doe wie Kristiaan noch gjin 17 jier âld. Fuortendaliks nei de troanswiksel ûntstie der in striid oer de macht op 'e kening. Manlju fan it hôf, it regear en it leger, dy't harren tsjin de ministers fan Freark V hiene ferset, besochten de kening los fan dy ministers persoanlik ferantwurdlik te meitsjen foar de útfiering fan it regear. It resultaat wie in ûnûnderbrutsen rige fan yntriges, om it hoart ûntslaggen en healslachtige inisjativen. Kristiaan hie de sitewaasje goed yn 'e rekken en ferskillende ministers wiene ferheard oer syn skerpens en heldere benadering fan 'e swierrichheden, mar tagelyk liet er him fan in lilkaardige kant sjen en hy hie der bygelyks in soad nocht oan om minsken, dy't er krekt befoardere hie ek as earste wer dien te jaan.

Houlik

Kristiaan Vii Fan Denemark 
Karoline Matilde.

Yn itselde jier troude Kristiaan VII mei syn nicht prinses Karoline Mathilde, in suster fan kening George III fan Grut-Brittanje en Ierlân, doe 15 jier âld. Hja wiene alle twa pakesizzers fan kening George II fan Grut-Brittanje. Kristiaan wie in soan fan Louise, in dochter fan George II , en Karoline Mathilde wie in dochter fan Freark, in soan fan Geoarge II.

Kristiaan Vii Fan Denemark 
De earste dûns fan Kristiaan VII en Karoline Mathilde op harren brulloft yn 'e Grutte Seal fan 'e Christiansborg.
Kopergravuere 1766.

Hja trouden op 1 oktober 1766 by folmacht yn St. James's Palace yn Londen, dêr't har âldere broer Kristiaan VII ferfong. Dêrnei waard Karoline Mathilde nei it karfoarstedom Hannover brocht en fan dêr nei Buxtehude, dêr't hja mei in roeiboat nei de noardlike kant fan 'e Elbe oerset waard. Yn dy tiid wie dat Deensk grûngebiet en dêr stie in koets foar har, dy't har nei Roskilde brocht. Yn Roskilde wie spesjaal foar de gelegenheid in paviljoen boud, dêr't Karoline Mathilde oan har takomstige man foarsteld waard. Nei't hja dêr op Frederiksberg de nacht trochbrochten, waarden hja de oare deis op 8 novimber 1766 yn in út 'e skroeven Kopenhagen ferwolkomme. Letter dy dei waard it houlik yn 'e slottsjerke fan 'e Christiansborg befêstige.

De kening kaam net in soad yn 'e keamers fan 'e keninginne en moast holpen wurde troch Reverdil, dy't út namme fan 'e kening leafdesbrieven skreau, om der foar te soargjen dat hja swier fan 'e kening waard en der in troanopfolger kaam. In jier letter waard harren mooglik iennige mienskiplike bern, de letter kening Freark VI, berne. It wie net in lokkich houlik en as troud man gie Kristiaan graach mei in groep wapenbruorren en de prostituee Anna Katrine Berghagen - Støvlet-Cathrine - op stap. Dan strúnde de jonge kening de bordelen en kroegen fan 'e stêd ôf. De kening en syn kammeraden, fan wa't greve Conrad Holck syn favoryt wie, hiene altiten wol nocht om te fechtsjen, sels tsjin de oardehanthavers. In bysûndere eigenskip dy't him mingde mei de fjochtpartijen wie it langstme fan 'e kening om te fernielen en te ferneatigjen, wêrby't de spegels en it meubilêr fan 'e kroegen dy't er besocht it belije moasten. De kening smiet syn keninklike status yn 't aventoer en hy waard sels in kear werkend troch in kliber folk. Lang om let grypte de Gehejmekonseil (geheimried) yn, dy't de deportaasje fan "Støvlet-Cathrine" nei Wandsbek yn Holstein ôftwong, dêr't hja alle jierren in traktemint fan 400 ryksdaalders krige.

Bûtenlânske reis

Kristiaan Vii Fan Denemark 
Earedoktoraat foar Kristiaan VII fan 'e Universiteit fan Cambridge.

Op 6 maaie 1978 makke de kening mei in gefolch fan 55 man in reis nei it bûtenlân. Hja reizgen oer Dútslân en Nederlân oer it Kanaal nei Ingelân en fan dêrwei fierder nei Frankryk, dêr't er yn Parys bleau. As pakesizzer fan kening George II en sweager fan George III hie Kristiaan nauwe bannen mei Ingelân, mar George III wie nerveus by it foarútsjoch dat syn beruchte Deenske sweager op besite komme soe. Dochs rûn alles ridlik goed en Kristiaan kaam goed oer by it publyk. Hy organisearre ek in ferklaaide dûnspartij ta eare fan syn gasthear en Kristiaan krige dêrfoaroer earedoktoraten fan 'e universiteiten fan Oxford en Cambridge; mar hy makke mei syn maten ek in tocht troch de Londenske bordelen en liet fan de him tawiisde ferbliuwen yn St. James's Palace net in soad hiel.

Kening Kristiaan hie in soad ynteresse yn 'e Frânske filosofy fan dy tiid en hy liet yn Parys in moeting mei publyk organisearje mei 18 wichtige filosofen en wittenskippers fan dy tiid. Frij fan 'e binnenlânske yntriganten krige Kristiaan de gelegenheid himsels te ûntwikkeljen. Ek regele er ferskillende aparte moetings mei û.o. Diderot en d'Alembert. De kening bleau in moanne yn Parys en besocht teäters, lokale attraksjes en porsleinfabriken, tekstylfabriken en oare ambachten. Ek besocht er de Académie française, dêr't Voltaire lid fan wie, de Académie des inscriptions et belles-lettres en de Académie des sciences. De kening hie al yn Denemark in soad bewûndering foar Voltaire, mar fan in persoanlike moeting yn Parys is it net kommen. De reis soe 2 jier duorje, mar einige al nei 8 moannen en koste it keninkryk 250.000 ryksdaalders. Op 14 jannewars 1769 kaam de kening werom yn Denemark.

De saak Struensee

Kristiaan Vii Fan Denemark 
Johann Friedrich Struensee.

Oan it begjin fan syn bûtenlânske reis wie de kening yn Altona, dêr't er de 31 jier âlde Johann Friedrich Struensee as dokter mei op reis yn tsjinst naam. De kening hie in soad fertrouwen yn Struensee en koe mei him oer Voltaire en oare moderne tinkers prate.

Nei ôfrin fan syn reis naam de kening Struensee oan it hôf yn tsjinst. Yn 'e hjerst fan 1769 briek in pokke-epidemy út yn Kopenhagen, wêroan mear as 1000 bern ferstoaren. Struensee makke gebrûk fan syn ûnderfining as stedsdokter yn Altona en yntrodusearre dêr fariolaasje yn 'e striid tsjin 'e pokken, in âlde fariant fan faksinaasje. Karoline Mathilde siet bot yn noed oer har soan, de himpen kroanprins Freark en hja frege Struensee om help. Struensee fariolearre him mei goede resultaten, wêrmei't er de tankberens en it betrouwen fan 'e keninginne wûn. Begjin 1770 waard Struensee ta kammenetssiktaris fan 'e keninginne beneamd en tekstlêzer fan 'e kening; hy joech syn medysk berop op en waard politikus.

Yn 'e simmer wist Struensee de kening yn Holstein te isolearjen fan oaren. De macht fan Struensee wie basearre op de ûndertekening fan syn kabinetsoarders troch de kening en Struensee hie ien nedich, dy 't er fertrouwe koe yn 'e konstante oanwêzigens by de kening. Dêrom liet er yn july 1770 geheimried Conrad Holck dien jaan en ferfange troch Enevold von Brandt.

Brandt en Struensee isolearren de kening effektyf fan 'e rest fan it hôf en Brandt begûn de kening sels te slaan, as dy him ûnfoech gedroech. Nei alle gedachten oerhearske by Kristiaan angst en, nei't dy him slein hie, yn it gefal fan Brandt sels haat. Struensee liet Reverdil alle dagen foar de kening soargje en hy liet de kening op befel fan it kammenet in oantal wichtige funksjonarissen dien jaan. Dat lei foar Struensee de basis om allinne te hearksjen en in grut tal herfoarmings yn it keninkryk út te feardigjen.

Twa kabinetsbesluten fan 4 septimber 1770 oer de beheining fan it berik fan titels en besluten en ûnbeheinde parsefrijheid waarden noch ûndertekene troch de kening. Mar sûnt de maitiid fan 1771 waarden alle kabinetsbesluten allinne troch Struensee ûndertekene, dy't sei dat de kening him it mûnlinge gesach jûn hie. It sintrale bestjoer besocht te wjerakseljen mei fertragingstaktiken, mar dêrop liet Struensee ek alle âlde ministers dien jaan en de steatsried ôfskaffe. Tagelyk krige Struensee ek in relaasje mei Karoline Mathilde, mar mei't er mear macht ha woe krige er ek mear fijannen.

It liket der op dat de kening op 'e relaasje mei de keninginne fjierder nea reägearre hat. Underwilens ûntwikkele de geastestastân fan 'e kening him ta folsleine passiviteit. Kristiaan's eardere hyperaktiviteit feroare yn in apatyske finzenskip fan eigen eangsten.

Op 12 jannewaris kamen hege militêren, beamten, de kammenetssiktaris Høegh-Guldberg, keninginne-widdo Juliane Marie en har soan (de healbroer fan 'e kening), kroanprins Freark, byinoar om de fal fan Struensee ta te rieden. Nei in ferklaaid bal yn it hôfteäter fan 'e Christiansborg waarden Struensee en Enevold Brandt yn 'e nacht fan 16 op 17 jannewaris oppakt en yn opdracht fan Juliane Marie yn 'e finzenis fan 'e fêsting fan Kopenhagen smiten.

Kristiaan Vii Fan Denemark 
Arrestaasje fan Struensee.
Kristiaan Vii Fan Denemark 
De lichemsdielen fan greve Struensee en Greve Brandt waarden op peallen útstald (28 April 1772).

De haadoanklachten tsjin Struensee wiene machtsmisbrûk en syn relaasje mei Karoline Mathilde. Brandt krige de oanklacht dat er de kening ferskillende kearen slein hie oan 'e broek. Alletwa waarden ek feroardiele foar it misledigjen fan 'e kening.

Kristiaan VII ûndertekene it deadsfonnis, faaks ek om 't him ferteld wie dat Struensee fan doel west hie om him de fermoardzjen. Op 28 april 1772 waard it fonnis útfierd en Struensee en Enevold Brandt waarden ûnthalze op Østre Fælled yn Kopenhagen. Harren lichamen waarden útinoar ropt en mei de koppen en ôfhakte hannen op peallen útstald.

It houlik tusken Kristiaan en Karoline Mathilde waard ûntbûn en hja waard lang om let nei Celle yn it karfoarstedom Braunschweig-Lüneburg deportearre, dêr't hja oant har dea yn it kastiel wenne. Op 10 maaie 1775 ferstoar hja ûnferwachts oan in besmetlike sykte. Hja wie doe trijeëntritich jier en hat har bern nea werom sjoen.

Nije machthawwers

Kristiaan Vii Fan Denemark 
De sarkofaach fan Kristiaan VII.

De macht waard nei de ferwidering fan Struensee oernommen toch in steatsried, dêr't û.o. Juliana Maria, har soan Freark en Høegh-Guldberg sitting yn hiene. De lêste hie de feitlike macht en makke in ein oan 'e measte herfoarmings fan Struensee oant er yn 1784 sels troch kroanprins Freark yn 'e âldens fan 16 jier oan 'e kant set waard, dy't dêrnei ek herfoarmings trochfierde.

Kristiaan VII, dy't offisjeel noch jimmeroan de macht hie, ferstoar op 13 maart 1808 oan in beroerte. Kristiaan VII waard yn 'e Freark V-kapel fan de domtsjerke fan Roskilde byset en opfolge troch kroanprins Freark as kening Freark VI.

Boeken / films

De saak Struensee wie in ûnderwerp yn ferskillende boeken, û.o. fan de Sweedske skriuwer Per Olov Enquist. Yn 2012 waard de film En kongelig affære (A royal Affair) útbrocht.

Foarâlden

Stambeam Kristiaan VII fan Denemark
Oerpakes en
-beppes
Freark IV fan Denemark (1671-1730)
x
Louise fan Mecklenburch (1667-1721)
Kristiaan Hindrik fan Brandenburch-Bayreuth (1661-1708)
∞ 1705
Sofia Kristiana fan Wolfstein (1667-1737)
George I fan Grut-Brittanje (1660-1727)
x 1682
Sofia Dorotea fan Celle (1666-1727)
Jehan Freark fan Brandenburch-Ansbach (1654-1686)
x 1681
Eleonora Erdmuthe Louisa fan Saksen-Eisenach (1662-1696)
Pakes en beppes Kristiaan VI fan Denemark (1699-1746)
x
Sofia Magdalena fan Brandenburch-Bayreuth (1700-1770)
George II fan Grut-Brittanje (1683-1760)
∞ 1705
Karoline fan Brandenburch-Ansbach (1683-1737)
Alden Freark V fan Denemark (1723-1766)
x
Louise fan Hannover (1724-1751)

Kristiaan VII fan Denemark (1749-1808)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: dk:Christian 7..


Tags:

Kristiaan Vii Fan Denemark JongereinKristiaan Vii Fan Denemark KeningKristiaan Vii Fan Denemark HoulikKristiaan Vii Fan Denemark Bûtenlânske reisKristiaan Vii Fan Denemark De saak StruenseeKristiaan Vii Fan Denemark Nije machthawwersKristiaan Vii Fan Denemark Boeken filmsKristiaan Vii Fan Denemark FoarâldenKristiaan Vii Fan Denemark13 maart1749180829 jannewarisDenemarkKopenhagenNoarwegenRendsburg

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

September ReignPearsAldemardumLânAchillesKristendomWelsum (Olst-Wijhe)FilmmusicalGrutte OseaanvkeyjFryslân yn de MidsiuwenISBNMinnie BeetsPornoaktriseSkaai (taksonomy)ToskaneRita FaltoyanoFilipinenStasjon Deventer ColmschateDûbele penetraasjeTrommeMarijn KuipersNederlânskFrankenthalMoriah Mills1933Abdûlazyz ibn SaûdPornofilmOseaanDoede Bleeker2011Westland WyvernStoarmtroeper (Star Wars)OezbekistanEarmoedePornoakteurBlondie (pornografysk aktrise)List fan Nederlânske gemeentenRôze leppelbekMeindert Hobbema1893Grutte pappegaaidoNick LangYouTubeEvil Angel (filmstudio)GNU/FDLBelladonna (pornografysk aktrise)De Lauwersfjetnam20121 maaieOekraïnePieter BreukerEasterseeLondenSkiednis fan Fryslân31 maartDaisy SummersMoskou (oblast)4 febrewarisGoatenStammeNederlânultrafioletNeakenensRosa CaraccioloFacebook1632TatoeaazjeLatyn🡆 More