In kleuresirkel is in manear om sichtber te meitsjen hoe't primêre en sekundêre kleuren trochinoar hinne rinne.
In diskontinuë kleuresirkel jout de ferskillende kleuren wer yn ferskate ôfline bôgepartsjes, wylst yn in kontinuë kleuresirkel de kleuren yninoar oerrinne. Om't der in ûneinich soad kleuren binne, besteane der diskontinuë kleuresirkels mei ferskillende oantallen bôgepartsjes. De ienfâldichste omfiemje seis kleurflakjes: trije foar primêre en trije foar sekundêre kleuren.
Hokker kleuren oft primêre kleuren binne, hinget ôf fan it systeem foar kleurminging dat brûkt wurdt.
Komplemintêre kleuren steane yn in kleuresirkel diametraal foarinoar oer. Dat betsjut bgl. dat syaan de komplemintêre kleur is fan read, maginta fan grien en giel fan blau. Additive kleurminging en subtraktive kleurminging binne dus eins spegelbylden faninoar.
In oplossing hat in beskate kleur om't er de komplemintêre kleur absorbearret. De kleuresirkel bestiet út spektrale kleuren oanfolle mei ekstraspektrale kleuren, lykas maginta, dy't in ferbining foarmje tusken de heechste en de leechste frekwinsjes út it kleurespektrum, resp. fiolet en read.
Hjirûnder binne dielen fan 'e kleuresirkel yn rjochte balken werjûn. Troch de beheinings fan standertbyldskermen is it eins ûnmooglik om in suvere griene kleur wer te jaan; ynstee dêrfan sjocht men in grien mei in gielige tint. In ôfdruk mei in kleureprinter sil lykwols al de juste kleur werjaan. Yn 'e kleurfakken steane de heksadesimale kleurkoades neffens it RGB-kleursysteem, dy't ek yn 'e programmeartaal HTML brûkt wurde.
FF0000 | FF1100 | FF2200 | FF3300 | FF4400 | FF5500 | FF6600 | FF7700 | FF8800 | FF9900 | FFAA00 | FFBB00 | FFCC00 | FFDD00 | FFEE00 | FFFF00 |
FFFF00 | EEFF00 | DDFF00 | CCFF00 | BBFF00 | AAFF00 | 99FF00 | 88FF00 | 77FF00 | 66FF00 | 55FF00 | 44FF00 | 33FF00 | 22FF00 | 11FF00 | 00FF00 |
00FF00 | 00FF11 | 00FF22 | 00FF33 | 00FF44 | 00FF55 | 00FF66 | 00FF77 | 00FF88 | 00FF99 | 00FFAA | 00FFBB | 00FFCC | 00FFDD | 00FFEE | 00FFFF |
00FFFF | 00EEFF | 00DDFF | 00CCFF | 00BBFF | 00AAFF | 0099FF | 0088FF | 0077FF | 0066FF | 0055FF | 0044FF | 0033FF | 0022FF | 0011FF | 0000FF |
0000FF | 1100FF | 2200FF | 3300FF | 4400FF | 5500FF | 6600FF | 7700FF | 8800FF | 9900FF | AA00FF | BB00FF | CC00FF | DD00FF | EE00FF | FF00FF |
FF00FF | FF00EE | FF00DD | FF00CC | FF00BB | FF00AA | FF0099 | FF0088 | FF0077 | FF0066 | FF0055 | FF0044 | FF0033 | FF0022 | FF0011 | FF0000 |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Kleuresirkel, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.