Keninkryk Bernisia

It Keninkryk Bernisia wie in keninkryk fan de Angelen in Noard-Ingelân yn de 6e en 7e iuw .

It ûntstie út it oan de Hen Ogledd tahearrende gebiet "Brynaich", nei’t dy al troch de Angelen oermastere wienen en foarme letter mei it súdliker lizzende Deira it keninkryk Northumbria.

Keninkryk Bernisia
Brittanje yn de 7e iuw
Keninkryk Bernisia
De opkomst fan Norhumbria

Geografy

Bernisia rûn fan de rivier de Tyne oan de Firth of Forth en omfieme it gebiet fan de greefskippen Northumberland en Durham fan no. De westgrins ferskode yn de rin fan de tiid hieltyd fierder nei it westen oant ek it Kumbryske Rheged en Gododdin en parten fan it Britske Keninkryk Strathclyde ta Bernisia hearden. De keningssit wie yn Bamburgh, dat nei Bebba, frou fan kening Aethelfrith neamd wie.

Skiednis

De earst beskreaune kening wie Ida fan Bernisia. Hy soe yn 547 op de troan kaam wêze. Kening Aethelfrith ferienige yn 604 Bernisia mei it súdlike Deira en foarme sa Noardumbrje. Hy hearske oant 616, doe’t er yn in slach tsjin Raedwald, kening fan East Anglia, dy’t Aethelfriths rivaal Edwin fan Noardumbrje stipeunterstützte, sneuvele, Edwin waard doe hearsker oer sawol Deira en Bernisia, sa ûntstie it keninkryk Noardumbrje.

Edwin foel yn de Slach fan Hatfield Chase tsjin kening Cadwallon ap Cadfan fan Gwynedd en Penda fan Mersia op 12 oktober 633, wêrnei’t Noardumbrje wer útien foel yn Bernisia en Deira. Bernisia waard noch in skoftsje bestjoerd troch Eanfrith, in soan fan Aethelfrith; ek hy waard troch Cadwallon dea dien. Syn broer Oswald folge him op, stelde in nij leger gear en befjochte doe Cadwallon yn 634 yn de Slach fan Heavenfield, Cadwallon ferlear derby it libben. Nei syn oerwinning ferienige er Deira wer mei Bernisia. Fan dat stuit ôf wienen de keningen fan Bernisia de hearskers oer Noardumbrje, om’t de dynasty dy’t Deira regearre hie sa’n bytsje útrûge wie troch Cadwallon.

Doe't Oswald lykwols yn 642 sneuvele yn de Slach fan Maserfield, tsjin Penda fan Mersia, foel it lân wer út elkoar. It súdlik diel keas in nije kening (Oswine), wylst Oswald syn broer Oswiu op 'en nij it regear oer alinne Bernisia hie. Yn 651 liet Oswiu Oswine fermoardzje en waarden beide riken nochris ferienige, mar Deira hold ûnderkeningen dy't lykwols allinnich út it laach fan Oswald en Oswiu stamden.

Keningen fan Bernisia

  • Ida soan fan Eoppa (547 - 559)
  • Glappa soan fan Ida (559 - 560)
  • Adda soan fan Ida (560 - 568)
  • Æthelric soan fan Ida (568 - 572)
  • Theodric soan fan Ida (572 - 579)
  • Frithuwald (579 - 585)
  • Hussa fan Bernisia (585 - 593)
  • Æthelfrith (593 - 616)

Under bwâld fan Deira (616 - 633)

  • Eanfrith fan Bernisia soan fan Æthelfrith (633 - 634)

Literatuer

Primêr

Sekundêr

Sjoch ek

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Keninkryk Bernisia GeografyKeninkryk Bernisia SkiednisKeninkryk Bernisia LiteratuerKeninkryk Bernisia Sjoch ekKeninkryk Bernisia6e iuw7e iuwAngelenDeiraHen OgleddIngelânNorthumbria

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Smithsonian YnstitútThe World Is Not Enough (film)Himelfearttsjerke (Josjkar-Ola)Bôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2008Lexi Diamond1918NottinghamshireFietnamoarlochEtiopysk-Otterdokse TsjerkeSanta Maria MaggioreAutoKoöperaasjeKommunismeYouTubeRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1976NoardkaapIsraelWetterpolo op de Olympyske Simmerspullen 2020Johann Jakob von TschudiIdahoTsjechoslowakijeSaûdy-AraabjeMekka34Slach oan de Little BighornFingerjenAnimismePornoaktriseISSNSielToyotaBaltimoreNoemiNije TestamintChewbaccaIbearysk SkiereilânMarksismeHaadsidePoalenGelsenkirchenBestjoerAaliyah HadidHilligeSalomoEuro600Vienna BlackApostelSubway (restaurant)TelevisaFloarus- en Laurustsjerke (Tûla)KaraseeRosa CaraccioloGoldbandNicolette SheaProvinciale Friesche CourantJohn LennonBeirûtThe SimpsonsIngelKanonike evangeeljesFerliking fan de Jeropeeske ferkearsbuordenCambridgeMeksiko-StêdJade FengTsjechjeTûlaRomeinenThe Wall Street JournalCreative Commons🡆 More