Joost Karhof

Joost Karhof (Gouda, 8 febrewaris 1969 – De Haach, 26 desimber 2017) wie in Nederlânsk sjoernalist en presintator.

Joost Karhof
Joost Karhof (2015)
Joost Karhof (2015)
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
berne 8 febrewaris 1969
berteplak Gouda
stoarn 26 desimber 2017 (48 jier)
stjerplak De Haach
wurkpaad
berop/amt Sjoernalist, presintator
jierren aktyf 1989-2017
reden
  bekendheid
Nova, Den Haag Vandaag, DWDD, De Grote Geschiedenis Quiz, Nieuwsuur
offisjele webside
(in) IMDb-profyl Karhof

Karriêre

Karhof wie tweintich jier doe't er yn 1989 as sportsjoernalist by de Voorburgse Courant kaam en wurke dêrnei by it deiblêd Het Binnenhof as sjoernalist; hy studearre doe noch rjochten oan de Universiteit Leien. Hy stapte oer nei omrop RTV West en presintearre dêrnei by de NOS Nova/Den Haag Vandaag (fan july 2006 ôf oan) ôfwikseljend mei Clairy Polak en Twan Huys. Fan febrewaris 2008 ôf presintearre die yn it begjin ek De Wereld Draait Door op moandei, om de beurt mei Menno Bentveld. Ek presintearre er de tf-programma's Made in the Seventies, it fervolch Made in the Eighties en útstjoeringen fan de Ynje-betinking.

Yn jannewaris 2009 presintearre Karhof jûns let it polityk-satiryske programma Triana fan de NPS op Nederlân 3. Dat programma waard opnaam yn it Amsterdamske Westergasfabryk en waard ûnder de winterstop fan De Wereld Draait Door oant en mei 9 jannewaris yn de betide jûn en lette jûn útstjoerd. Fan septimber 2008 oant en mei 23 desimber 2014 wied er de fêste prsintator fan Kunststof TV.

Yn 2010 en 2013-2016 brocht Karhof De Grote Geschiedenis Quiz mei dêrneist sûnt 2015 ek de foarronden yn De kleine Geschiedenis Quiz. Op 7 maart 2015 presintearre er de NTR Boekenquiz yn it ramt fan de Boekewike. Hy wie foaral yn it wykein geregeld preintator fan Nieuwsuur, it aktualiteiteprogramma fan de NOS en NTR. At NPO Radio 1-presintatrise Lara Rense ôfwêzich wie foel Karhof yn by Nieuws en Co.

Fan 22 febrewaris 2016 ôf oan presintearre Karhof trije wiken de skiednis Van Alle Tijden, dy't alle dagen útstjoerd waard op NPO 2 troch de NTR.

Karhof stoar hommels op wei nei it sikehûs yn de âldens fan 48 jier. Hy lit in frou en twa styfbern nei.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1969201726 desimber8 febrewarisDe HaachGoudaNederlânSjoernalist

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

OerwurkmakkerSosha Duysker2007OranjerivierRoekHavana GingerFloaridaEritreäMiranda WerkmanQuatrebras (buorskip)Alexa FlexyBolognaSander de RouwewebsteeBella BellzMia LiKartagoNijverdalBarabbasAmerikaanske steatJeropaRocco SiffrediFrankrykUndergrûnske wrotmûzen fan de Nije WrâldLouis DaguerreNederdútskNeakenmodelTarzan (film út 1999)WeblochFositeNederfrankysk-Nedersaksyske talenHarry Potter en de Stien fan 'e WizenGrutte pappegaaidoGûam2003PlasseYme SchuitmakerBouke Oldenhof1910PinguïnsOntarioFaginaTaiwanJapanWestgermaanske talen69 (sekshâlding)Nia NacciFinzenisstrafRobert RedfordTroudKascha PapillonRienk AlberdaAshlynn Leigh25 septimberMarina ViscontiHenri MatisseFisigoatyske RykWeenske oesterSaya SongGielnoaswrotmûsLFellatioMissoery (steat)Sintraal-Afrikaanske RepublykRicki RaxxxIbearyske hazzeWringeleazenFjildmûzen🡆 More