Jacobus Craandijk (Amsterdam, 7 septimber 1834 - Haarlim, 3 juny 1912) wie in Nederlânsk ûnderwizer, predikant, skriuwer en tekener.
Craandijk wie de pake fan Jacobus Craandijk (1896-1989), skriuwer fan jachtferhalen, en in healbroer fan Minister fan Oarloch Cool.
Craandijk wie in doperske predikant dy't yn Nederlân kuiere. Hy stie yn Borne (1859), Rotterdam (1862-1884) en Haarlim (1884-1900). Fan alle tochten hat er ferslach dien yn boeken mei de titel Wandelingen door Nederland. It earste diel dêrfan ferskynde yn 1875, it lêste diel kaam yn 1888 út. It wurk fan Craandijk jout in skat oan ynformaasje oer it tiidsbyld fan Nederlân yn de 19e iuw en syn skiednis.
Hy arbeide foar de searje Wandelingen door Nederland met pen en potlood nau op mei syn freon, de tekener Piet Schipperus.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jacobus Craandijk fan Wiki Commons. |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Jacobus Craandijk (1834-1912), which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.