Hoareka

De hoareka (as selsstannich wurd stavere mei in 'a' deryn) is de sektor fan 'e ekonomy dy't alle yt- en drinkgelegenheden en sliepplakferstrekkende bedriuwen omfettet.

De beneaming 'ho(a)reka' is in wurdlidwurd, dat foarme is út 'e earste wurdlidden fan 'e wurden hotel, restaurant en kafee. Neffens de Nederlânske Drank- en Hoarekawet mei inkeld in hoarekabedriuw alkohoalyske drank foar direkte konsumpje ferkeapje. Yn 2010 wiene der 42.828 hoarekabedriuwen yn Nederlân.

'Hoareka' is yn it Nederlânske bestimmingsplan in offisjele bestimming, wat sizze wol dat it in troch de wet tastiene útoefening fan aktiviteit is yn 'e dêrfoar oanwiisde romte. It is dus net tastien om op samar in willekeurich plak in hoarekabedriuw te begjinnen. Boppedat makket it bestimmingsplan ûnderskie tusken 5 ferskillende kategoryen hoareka dy't elts in oare fergunning nedich hawwe:

  • Hoareka 1: Fastservice, wêrûnder kafetaria's, snackbars, hamburgerrestaurants, kommersjeel eksploitearre skoalkantines, sportkantines en bedriuwsrestaurants, automatiken, strânpaviljoens, pizzeria's, pizza-ôfhel- en besoarchbedriuwen, pankoekrestaurants, tearooms, ferkeappunten by benzinestasjons en spoarstasjons, broadsjesaken, en bake-offbedriuwen.
  • Hoareka 2: Nachtsealen, wêrûnder sealesintra, evenemintehallen, nachtklubs, diskoteken, nachtkafees en sosiëteiten.
  • Hoareka 3: Kafees, bars en ytkafees.
  • Hoareka 4: Restaurants, kofjehuzen, lunchrooms en iissalons.
  • Hoareka 5: Hotels en motels.

Yn bestimmingsplannen fan grutte stêden bestiet fierders noch in kategory Hoareka 6, mei in folle minder dúdlike omskriuwing as de oare fiif kategoryen.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Noten, op dizze side.

Tags:

2010BedriuwDrinkenEkonomyEtanolFerkeapjeHotelItenKafeeNederlânRestaurantSliepWurdWurdlid

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1968Bono1993Noard-KoreäMaarten PennewaardFerliking fan de Jeropeeske ferkearsbuordenAmazon.comLegaatOekraïneEvolúsjeKoergan (oblast)TelevisaNoardfryskCOVID-19KubaArthur Conan DoyleBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 1972Benito MussoliniKoöperaasjeKonfederearre Steaten fan AmearikaSean CombsJezuïtenRomeinske sifersWrakseljen op de Olympyske Simmerspullen 2000Aaliyah HadidEiffeltoerApostelHielalRoemeenjeFeriene KeninkrykMyanmar1605FrankrykGnostisismeBrjansk (oblast)Zaya CassidyWrâldkampioenskip fuotbal 2014MoslimKiesrjochtNederlânskGrutte Merk (Brussel)Joachim HoppersIerskHonoluluHiphopPornoaktriseJoyce OliveiraToyotaGemme fan BurmaniaKredytkrisis1816ABBAMitogondriaal DNARobert Louis StevensonStillibbenEastblokSimon & SchusterDimear1818Fingerjen1956KoeweitSwedenHânbal op de Olympyske Simmerspullen 2000MekkaMassachusettsArwen GoldMaya BijouKaviaSpoar fan Ljouwert nei StarumSubway (restaurant)Thunderball (film)PornografySmithsonian Ynstitút🡆 More