Fún

Fún (Deensk: Fyn) is Denemarks tredgrutste eilân, mei in gebiet fan 2.984 km², en mei 482.410 ynwenners (sifer fan 2008), Fún leit tusken de Súdfúnske Eilânsee, de Lytse Belt, it Kattegat, de Grutte Belt en de Lundeboarchbelt.

Neist Fún lizze Langelân, Tureach, Tâsinge, Ebbeleach, Erreach en noch sa'n 90 oare lytse eilannen. Fún heart by de regio Súddenemark.

Fún
Plak fan Fún yn Denemark
Fún
Egeskov Slot op Fún

Stêden op Fún, op folge fan ynwennertal:

  • Odense: 152.060
  • Svendboarch: 27.199
  • Nijboarch: 16.043
  • Middelfart: 13.645
  • Fâboarch: 7.234
  • Assens: 5.965
  • Kerteminde: 5.775
  • Bogense: 3.499

Fúns heechste punt is Frøbjerg Bavnehøj mei 131 meter.

Fúnske dialekten

De spraak fan Fún is opdield yn Westfúnsk en Eastfúnsk. Mar der is - of wie - ferskil op koarte ôfstân, bygelyks tusken de ferskate doarpen, en sels ferskillen tusken de strjitten fan Odense.

Oars as by it standert-Deensk hawwe Fún en de eilannen deromhinne noch trije grammatikale slachten. It manlike slacht wurdt oanjûn mei ei en -i: ei mar, mar'i, ei post, posti, ensafuorthinne (man, post). Froulike is dat en en -en: En sol, solen, en kone, konen ensafuorthinne (sinne, wiif). Unsidich is dat: et en -et: et sav, savet, et tallerken, tallerknet, ensafuorthinne (seage, board).

De taalgrins fan de Deenske stop rint ek oer it eilân, dat op in part fan it eilân wurdt al in stop brûkt, en op in oar part net.

Ferneamde Fúnsters

Sjoch ek

  • Fúns Amt

Keppeling om utens

Tags:

Fún ske dialektenFún Ferneamde stersFún Sjoch ekFún Keppeling om utensFúnDeenskDenemarkEilânGrutte BeltKattegat

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Anna fan BretanjeMasturbaasjeReimsPakistan1867Hertz (ienheid)Douglas C-47 Dakota186518902018MassachusettsPortegeeskDoede VeemanKunnilingusSalomon LevyOmset1970-er jierrenRugby4TennisAteneCarles PuigdemontLibeariaMollemakleasterHûnHarry TrumanPrusen1980Nazy-DútslânRuslân1963BelgjeIngelânKristenSkipperssankjeGrutte-boarstesjenre2022Vina SkyNoelle Easton30 jannewarisTAgnostisismeGermanenWierumPornoakteur29 oktoberWikipedyAmerikaanske dollarEarmoedegrinsEasternijtsjerkDykDrankbestridingSIlse DeLangeCowgirlhâldingKleur28 augustusMarcel Hirscher15 septimberCarl JungHaskerlân7 maartT-sekshâldingFinlânNew York (steat)1594🡆 More