Frysk Fanfare Orkest

It Frysk Fanfare Orkest bestiet út sa'n fyftich muzikanten út Fryslân.

De muzikanten spylje neist it FFO yn ien of mear pleatslike ferienings. Doel is it promoatsjen fan âlde en nije orizjinele fanfaremuzyk. De feriening waard oprjochte yn 1983 yn Ljouwert mei Jouke Hoekstra as muzikaal lieder. Neist premiêres fan Nederlânske komponisten hawwe ek bûtenlânske komponisten wurken skreaun foar it orkest.

Yn binnen- en bûtenlân die it FFO mei oan meardere festivals en konserten. Meardere kearen waard it heechste resultaat foar fanfareorkesten op it Wrâld Muzyk Konkoers yn Kerkrade helle. In oantal kearen waard meidien oan de ynternasjonale WASBE-konferinsjes. It orkest wurdt ek faak frege foar radioprogramma’s om de orizjinele fanfaremyzyk te promoatsjen en hat yn 2010 in tweintichtal CD’s op syn namme stean.

Yn 1994 krige it Frysk Fanfare Orkest de Fryske Anjer fan it Prins Bernhard Kultuerfûns Fryslân.

Diriginten

Konsertreizen

Jier Lân Plak
1988 Frysk Fanfare Orkest  Internationales Musikfestival yn Rastede (Nedersaksen)
1989 Frysk Fanfare Orkest  Konferinsje fan de World Association for Symphonic Bands and Ensembles (WASBE) yn Manchester
1993 Frysk Fanfare Orkest  Galakonsert by de Musikverein Haaren e.V. yn Haaren (Waldfeucht)
1997 Frysk Fanfare Orkest  Konsertreis troch de Feriene Steaten
2002 Frysk Fanfare Orkest  Galakonsert by it Mid-Europe-Festival foar blaasorkesten yn Schladming (Eastenryk)
2003 Frysk Fanfare Orkest  Internationale festival Sociedade Euterpe Alhandrense yn Alhandra
2004 Frysk Fanfare Orkest  Emajöe Suvi Festival yn Tartu (Estlân)
2005 Frysk Fanfare Orkest  Konferinsje fan de World Association for Symphonic Bands and Ensembles yn Singapore
2008 Frysk Fanfare Orkest  Konsertreis Portugal mei optredens yn Tomar, Alhandra en Leiria fan 4 july oant 11 july 2008


Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

FanfareFryslânKomponistLjouwert (stêd)

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

ABBACambridgeRomeOpnamen (film)Wrakseljen op de Olympyske Simmerspullen 2000Russyske BoargeroarlochWalesSaûdy-AraabjeJohan FerrierIslamVastoBestjoerBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2004FrouDútskRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1964Harry BelafonteKiesrjochtSúdeast-AazjeBreednoasapenTeodoasius de GrutteCarles PuigdemontNederlânsk-YnjeShalina DevinePolyteïsmeJaylene RioKeulenZaya CassidyMisjonarishâldingKoreaanske OarlochJoeri AndropovFietnamoarlochEastblok1973SinkiangKristendomGokkenNadia MoeradSarah YoungSanta Ana (Kalifornje)KalkoenenIbearysk SkiereilânGerald FordKubaTsjoenderijFerstoarRyksuniversiteit GrinsSensual JaneBrazyljeFilosoofPersia MonirKeallepoatFrysk1707Republikeinske Partij (Feriene Steaten)Elektra (toanielstik fan Euripides)Noard-KoreäWrâldkampioenskip fuotbal 2006PenisTurkish AirlinesRobert Louis StevensonSân deugden1557McDonald'sLuna SilverSaya SongJack Nicholson🡆 More