Eric Schneider

Eric Schneider (Batavia, 30 augustus 1934 - Clamecy Frankryk, 23 maaie 2022) wie in Nederlânsk akteur en toanielskriuwer.

Hy wie de broer fan de diplomaat Carel Jan Schneider, dy't as skriuwer bekend waard ûnder it pseudonym F. Springer.

Eric Schneider
Eric Schneider akteur
Erik Schneider (1977)
Erik Schneider (1977)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Eric Schneider
nasjonaliteit Eric Schneider Nederlânsk
berne 30 augustus 1934
berteplak Batavia
stoarn 23 maaie 2022
stjerplak Clamecy flagge fan Frankryk
jierren aktyf 1960-2022

Karriêre

Syn legere skoaltiid brocht Eric Schneider troch yn in Japansk ynterneringskamp. Yn 1947 kaam er nei Nederlân dêr't er, nei in jier yntinsyf thúsûnderwiis troch syn heit, de HBS trochrûn. Yn 1956 waard er oannommen op de Toanielakademy Maastricht, dêr't er yn 1960 eineksamen die. Schneider debutearre yn 1960 op it toaniel. Hy spile dêrnei mear as hûndert, foar it meastepart, haadrollen by gâns toaniel selskippen. Schneider spile yn 1965 de haadrol yn de Nederlânske spylfilm 10.32. Dêrnei spile er noch yn tal fan telefyzje - en filmproduksjes. Yn 2010 wie er te sjen as de âlde Prins Bernhard yn de telefyzjesearje Bernhard, schavuit van Oranje. Yn 2012 fertolke Schneider wer de rol fan de âlde Prins Bernhard yn de telefyzjesearje Beatrix, Oranje onder vuur.

Schneider wie ek aktyf as regisseur. Dêrneist lei er fan 1994 ôf syn toanieloantinkens fêst yn tekeningen. Schneider skreau in tal toanielstikken. Inkelde titels binne: Tweelicht, Rinkelrooien, De stilte aan de andere kant van de weg, Theodoor, een total loss en Nocturne, in bittere komeedzje. Yn augustus 2013 ferskynde syn earste roman mei de titel Een tropyske herinnering bij Uitgeverij Cossee. Yn 2020 ferskynde it boek Een relaas van vriendschap en liefde.

Schneider ferstoar yn 2022 yn de âldens fan 87 jier, oan de gefolgen fan in fal.

Tags:

1934202223 maaie30 augustusAkteurBataviaFrankrykNederlânSkriuwerToaniel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

SilyNational Basketball AssociationHavana GingerHaaien17902020Lewis CarrollNasjonale feestdeiAlkoholismeKommunismeYnternetAngelica BellaWeblochJob CohenBilly GlideLuma CariocaKatee OwenNederlânServjeBiskopInes RiderePresidint fan de Feriene SteatenMahabharataGryptsjerk9e iuw f.Kr.Twadde WrâldkriichMarilyn CrystalDomtsjerke fan MessinaKarma RosenbergJade MarcelaArjen TerpstraAlbum (muzyk)KânselierKeallepoatBlauTechnologyRaffarinadeSeksboartersguodBeierske wrotmûsCriss StrokesFryske talenKening-keizerVienna BlackSyprusHimelfeartsdeiFideo17 oktober873 f.Kr.Angelina JolieKatedraal fan NapelsCowgirlhâldingGrou (plak)MasturbaasjeRedbadWestland Wyvern69 (sekshâlding)Persia MonirRock 'n rollNoelle EastonFrysk Ynternasjonaal KontaktPearsSeksuele opwiningRocco SiffrediIrak1950-er jierrenEuroTripHânboekFideospultsjeAcademy of Country Music AwardMahina Zaltana🡆 More