Ella Fitzgerald

Ella Fitzgerald (1940) (* 25 april 1917, Newport News(?) - † 15 juny 1996, Beverly Hills) ek wol First Lady of Song, Queen of Jazz en Lady Ella neamd, wie in Amerikaansk jazz sjongster mei in fokaal berik fan trije oktaven.

Sy stie bekend om har suverens fan toan, treftich diksje, frasearring, yntonaasje en in hoarnige ymprovisatoarysk fermogen, foaral yn har scat-sang.

Ella Fitzgerald
Ella Fitzgerald portrettearre troch Carl Van Vechten, 1940

Fitzgerald wie in wichtige ynterpretearrer fan The Great American Songbook. Yn de tiid fan har 59-jier lange opnimkarriêre, hat sy 40 miljoen plate-albums ferkocht fan har mear as 70 albums. Sy wûn 13 kear in Grammy Award, ek is har de National Medal of arts troch Ronald Reagan en de Presidential Medal of Freedom troch George H. W. Bush takend.

It iere libben

Fitzgerald wie berne yn Newport News, Virginia, de dochter fan Temperance en William Fitzgerald. It pear skiede koart nei de berte en Ella en har mem ferfarren nei Yonkers, New York, dêr't sy by in goede freon fan Temperance wenjen gien binne, Joseph Da Silva. Ella's healsuster Frances da Silva waard berne yn 1923. Sy en har famylje wienen metodisten en wienen aktyf yn de "Bethany African Methodist Episcopal Church" dêr tsjerken hja gereldwei en dienen bibelstúdzje.

Doe't Ella jong wie, woe sy dûnseres wurde, hoewol't sy tige graach nei jazz muzyk harkje mocht fan bygelyks Louis Armstrong, Bing Crosby en The Boswell Sisters. Har grutste idoal wie lykwols Connee Boswell; letter hat sy sein: "Us mem naam op in dei ien fan har opnames mei nei hûs en ik wie fuortendaliks fereale... Ik die sa myn bêst om op har te klinken."

Yn 1932 ferstoar har mem oan in hertoanfal. Dêrnei gienen Ella's sifers dramatysk nei ûnderen ta en sy skûltsjesette faak fan skoalle. Fanwege misbrûk troch har styfheit, rûn se fuort nei har muoike en op it stuit wurke sy as útkyk foar in bordeel en foar by de maffia oansletten nûmersrinners. Doe't de autoriteiten der fan hearden waard hja ynearsten nei it Colored Orphan Asylum yn Riverdale, Bronx brocht. Lykwols, doe't it weeshûs sletten waard, omdat it der te drok waard, waard se oerbrocht nei it New york Training School for Girls yn Hudson, in steats tichtskoalle. Uteinlik ûntkaam se der oan en wie se in skoft dakleas.

Tags:

15 juny1917199625 aprilBeverly HillsJazz

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

List fan sterke tiidwurden yn it FryskKatoen16 aprilRivier11 julyLjouwert (stêd)FjetnamoarlochISSNSpierIngelskDoekle TerpstraEtiopyske kalinderEastfryslânArmeenske kalinderKarnivoarShay EvansMarilyn CrystalBarry HaySasha BeartTrio (seksualiteit)Germaanske talenBefolkingstichtensNeakenfotografyBoppestammeWylpreagerfûgelsBruce VentureJayden LeeCherokee d'AssHTMLGermanenElektrotechnykSpoar fan Dimter nei AlmeloGrutte PierRamon (pornografysk akteur)22 jannewarisMidden-AmearikaArameeskClara TrinitySibearyske lemmingWillem III fan Oranje-Nassau1945San Jose (Kalifornje)Luna SilverHelpMark Rutte1032GebouCJ MilesNoardatlantyske FerdrachsorganisaasjeIranHeitMia Li10 desimberNoelle EastonOarehelte2011Brulloft23 april1977TeledildoanikaShrima MalatiFantasy (sjenre)Jada StevensKya TropicKeningsdei2006Jan Krol (akteur)Muzyk🡆 More