Dodoma

Dodoma is sûnt 1973 de offisjele haadstêd fan Tanzania.

De stêd leit sintraal yn it lân, bewesten fan de eardere haadstêd Dar es Salaam, en hat 180.551 ynwenners (1 jannewaris 2005).

Dodoma
Anglikaanske katedraal
Anglikaanske katedraal
Polityk
Lân DodomaTanzania
Regio Dodoma
Distrikt Stedsdistrikt Dodma
Boargemaster Francis Mazanda
Sifers
Ynwennertal 410.956 (2012)
Oerflak 130 km²
Befolkingsticht. 70,1/ km²(2005)
Hichte 1125 m
Oar
Stifting 1907
Tiidsône UTC+3
Dodoma
Dodoma leit sintraal yn Tanzania

Dodoma is ek haadstêd fan de regio Dodoma. It is in agrarysk hannelssintrum (û.o. wyn) en spoarknooppunt, dat ek oer de dyk en oer rivieren te berikken is. Mids de stêd leit in fleanfjild. In plan foar in yntersnasjonaal fleanfjild stiet op priemmen.

Dodoma is yn 1907 ûnder Dútske koloniale hearskippij stifte. Yn de jierren 70 ûntstiene der plannen om de haadstêd nei Dodoma te ferpleatsen. It parlemint ferhuze febrewaris 1996 nei de nije haadstêd, mar in protte oerheidstsjinsten binne noch yn Dar es Salaam festige.

Distrikt

De stêd Dodoma is part fan it stedsdistrikt Dodoma. It distrikt hat 324.347 ynwenners en in oerflak fan 2576 km². It distrikt is ûnderferdield yn 4 difyzjes en 42 plakken (registrearre doarpen).

Religy

Dodoma is de sit fan in Anglikaanske-, evangelysk-luterske- en Roomsk-katolike biskop. It tal katoliken wurdt op sa'n 20% fan de befolking rûsd.

Underwiis

Dodoma hat twa universiteiten: de St. Johns University of Tanzania fan de Anglikaanske Tsjerke fan Tanzania en de Universiteit fan Dodoma mei sa'n 12.000 studinten. Fierders binne der noch ferskate steatsskoallen en katolike partikuliere skoallen.

Tags:

1973Dar es SalaamHaadstêdTanzania

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Horatio NelsonBibelLos AngelesSylvia KristelOarehelteStimTheodor StormKommunisme18711564GangbangKriichsfinzene1875Wendy WhoppersAfrikaanske leppelbekPeaskeGouden IuwLisa AnnGrut Frysk DikteeDirck CamphuysenSintrale Delling (Kalifornje)NoetseleKristina SchwartzStormy DanielsPyreneeske wrotmûsHTMLFûgelsRita Faltoyano4 febrewarisDaisy SummersMoskou (oblast)Trienke ElshofGeografyLolita (pornografysk aktrise)Ricki Raxxx2006De LauwersSosjaalliberalismeKoolhoven F.K.581986J.R. CarringtonAlfabetLondenKo-katedraal Sint-Bartoloméus (Lipari)Naughty AmericaJimmy WalesPornofilmList fan sterke tiidwurden yn it FryskDoede BleekerDead LordRaffarinadeSoarteSjongsterJisterBiblioteekRigtje BoelstraJokbonkeVladimir Pûtin31 oktoberTatarstanList fan spoarlinen yn NederlânIrrawaddy-iikhoarntsjeStasjon Dimter ColmschateFryslânEl NiñoWestland WyvernCowgirlhâldingJureka del MarFeltenwrotmûsMaya BijouYggdrasil🡆 More