Claude Lanzmann

Claude Lanzmann (Parys, 27 novimber 1925 – dêre, 5 july 2018) wie in Frânsk filosoof, sjoernalist en heechlearaar dokumintêre-films oan de European Graduate School yn Saas-Fee (Switserlân).

Claude Lanzmann
Lanzmann op it Filmfestival Cannes 2017
Lanzmann op it Filmfestival Cannes 2017
persoanlike bysûnderheden
nasjonaliteit flagge fan Frankryk Frânsk
berne 27 novimber 1925
berteplak Bois-Colombes/Parys
stoarn 5 july 2018 (92 jier)
stjerplak Parys
wurkpaad
berop/amt Dokumintêremakker, heechlearaar, sjoernalist
jierren aktyf 1970-2018
reden
  bekendheid
Dokumintêre Shoah
bekendste
  wurk(en)
Pourquoi Israël, Shoah,
Un vivant qui passe, Sobibor, 14 octobre 1943, 16 heures,
Le Dernier des injustes

Lanzmann wie redakteur fan it tydskrift Les Temps Modernes, dat oprjochte waard troch Jean-Paul Sartre en Simone de Beauvoir.

Lanzmann syn meast bekende wurk is de goed njoggen oere duorjende dokumintêre Shoah út 1985. Dat is in skiednis fan de Holokaust yn de foarm fan fraachpetearen mei slachtoffers, tsjûgen en oare belutsenen. Lanzmann ynterviewet sels en stelt iepen fragen en giet koart om 'e hoeke. De film wurdt troch in protte minsken as de wichtichste dokumintêre oer de Holokaust beskôge.

Yn 1993 waard Lanzmann troch de Stichting Keunstnersferset 1942-1945 lauwere mei de Fersetspriis fan de Stichting Keunstnersferset.

Filmografy

In karút:

  • Pourquoi Israel (1974)
  • Shoah (1985)
  • Tsahal / Claude Lanzmann ; ... et al. - S.l. : BBC 2, 1994. - 2 fideokassettes. Dokumintêre oer it Israelyske leger.
  • Un vivant qui passe, (1997). Sjoch by Sobibor.
  • Sobibor, 14 octobre 1943, 16 heures, (2001) / un film de Claude Lanzmann ; prod. Beatrice Mauduit, Martine Cassinelli. Un vivant qui passe / un film de Claude Lanzmann. - S.l. : Video/Film Express, 2005. - 1 dvd-fideo (95, 65 min.). Fideoferzje fan de films mei deselde namme. - Frankrijk : Les Films Aleph etc., 2001, resp. 1997. Ynhâld: ynterview mei in oerlibbene fan de opstân yn it konsintraasjekamp Sobibor, folge troch in fraachpetear mei in Switser, dy't yn 1944 as fertsjintwurdiger fan it Reade Krús in ynspeksjebesite brocht oan it Tsjechyske 'modelkamp' Theresienstadt.
  • Lights and Shadows (2008)
  • Le rapport Karski (2010)
  • Le dernier des injustes (2013)
  • Napalm (2017)
  • Les quatre soeurs (2018)

Keppeling om utens

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

1925201827 novimber5 julyDokumintêreFilmFilosoofHeechlearaarParysSjoernalistSwitserlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Rocco Siffredi1429HynderFryslânFormule 1 yn 2020GangbangWestland WyvernInez Weski24 aprilStasjon Dimter ColmschateAugust TaylorTúnSome Like It Hot (film út 1959)SlashpuzelYggdrasilEarmoede1927OarehelteDútslânOflûken (seksualiteit)OseaanNederlânmarketing1977Frânsk-GuyanaKatoenÔflûken (seksualiteit)EbroFrysktalige WikipedyFeriene SteatenParysMagrebsliepmûsLas VegasNijverdalAfrikaanske leppelbekDoutzen KroesJulie SkyhighMarle (Olst-Wijhe)Kromme KnillisSúdlike wetterrôtLaura GemserDenemarkErnst HaeckelTrommeGnostisismeSandy Milz1975193226 febrewarisPierre WoodmanStasjon MariënbergShania TwainDomeinnammeSavana GingerGymnastyk op de Olympyske Simmerspullen 1936HypotezeReality KingsRoekNoarwegenKoolhoven F.K.58AlpenmarmotAubrey KateJisterYby PotlatchAnne fan Grut-BrittanjeGrut Frysk DikteeMaya BijouNomenklatuerBibelNoardseeBiskopTemperatuer🡆 More