Charles Kingsford Smith

Sir Charles Edward Kingsford Smith, Smithy (Brisbane, 9 febrewaris 1897 - boppe de Andamaanske See, 8 novimber 1935) wie in ferneamd Australysk loftfeartpionier.

Yn 1928 wie er de earste dy't in transpasifyske flecht fan de Feriene Steaten nei Austraalje folbrocht. Ek makke er de earste flecht sûnder te stopjen oer it Australysk fêstelân en ûnder mear de earste (kommersjele) flechten tusken Austraalje en Nij-Seelân.

Charles Kingsford Smith
Charles Kingsford Smith
Charles Kingsford Smith
Kingsford Smith (l) en C.T.P. Ulm, dy't foar it earst fan Amearika nei Austraalje fleine, juny 1928

By syn besykjen syn faasjerekord tusken Ingelân en Austraalje te ferbetterjen ferdwûn er mei syn fleantúch boppe de Andamaanske See by Birma.

Priveelibben

Charles Edward Kingsford Smith wie de fyfde fan sân bern fan William Charles Smith, in bankdirekteur, en Catherine Mary Kingsford. Fan 1903 oant 1907 wenne de hûshâlding yn Vancouver yn Kanada. Werom yn Austraalje gie er nei de St Andrew's Cathedral School yn Sydney. Dêrnei studearre er elektromeganika oan it Sydney Technical College fan 1911 oant 1912.

Yn 1930 boaske er oan Mary Powell; sy krigen in soan.

Yn de tritiger jierren wie er lid fan de faksystyske Australyske organisaasje New Guard.

Trans-Pasifyske flecht

Op 31 maaie 1928 om 8:54 oere, setten Kingsford Smith en syn ko-piloat Charles Ulm út Oakland wei ôf foar de earste trans-pasifyske flecht nei Austraalje. Syn Fokker F.VII/3m hie de namme Southern Cross (nei it Suderkrús). Dat diene se yn trije etappes: sy fleagen fan Oakland nei Honolulu op Hawaï (27 oere en 25 minuten) , doe nei Suva, Fidzjy (34 oere en 30 minuten) en dêrnei nei Brisbane (20 oeren) dêr't se acht dagen letter lânen.

Keppelings om utenss

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

Charles Kingsford Smith PriveelibbenCharles Kingsford Smith Trans-Pasifyske flechtCharles Kingsford Smith Keppelings om utenssCharles Kingsford Smith189719358 novimber9 febrewarisAndamaanske SeeAustraalje (lân)BrisbaneFeriene SteatenNij-SeelânStille Oseaan

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

AnimismeBoccia op de Paralympyske SimmerspullenRoeien op de Olympyske Simmerspullen 2000Lynsey de PaulMoslimMarksismeTeudebert IIDeastrafAmerikaanske dollarSkotlânMichelle TuckerChewbaccaEinar HákonarsonRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1964FacebookBosnyske MoslimsKaiserslauternStjerMoskeeKazachstan1707Marilyn MonroeHillige Roomske RykUntsliepeniskatedraal (Tûla)Wrâldkampioenskip fuotbal 1962ToyotaJ. MacHeather LeeYndoneezjeAutodykVanessa SkyKlinyske depresjeAnton TsjechovBôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2016KrusigingGrutte Merk (Brussel)Minsklike seksuele aktiviteitNoelle EastonDaisy SummersNederlânThe DoorsLatynBenito MussoliniAlderheljenkatedraal (Tûla)Amazon.comMahatma GandhiYvette BovaMaya BijouPinsjoenWashington, D.C.Rachel (bibelsk persoan)MystykMoammar al-KadaffyEddy MerckxKeallepoatWrâldkampioenskip fuotbal 1986KredytkrisisHindoeïsmeReligieuzeTsjechjeTuberkuloazeAstana (Kazachstan)Sân deugdenRoeien op de Olympyske Simmerspullen 1900EarrebarreUniversiteit fan UppsalaBefolking1435Michail BûlgakovBernardahûsPaulo WanchopeCoward of the County (liet)FryslânHeidenskFoarnammeSineeske karakters🡆 More