Caroline Kaart

Caroline Kaart, berne as Caroline Paterson Raitt (Blackness (Skotlân), 21 desimber 1931 – Laren NH, 15 septimber 2020) wie in Skotsk-Nederlânske opera-sjongster, presintatrise en sjonglearares.

Nei har trouwen mei de tenoar en toanielspiler Hans Kaart wenne hja yn Nederlân. Kaart ferstoar lykwols al yn juny 1963 nei in mislearre earoperaasje yn Lugano, Switserlân.

Caroline Kaart
Caroline Kaart artyst en/of kabaretier
Caroline Kaart
persoanlike bysûnderheden
echte namme Caroline Paterson Raitt
nasjonaliteit flagge fan Nederlân Nederlânsk
Caroline Kaart Feriene Keninkryk
berne 21 desimber 1931
berteplak Blackness
stoarn 15 septimber 2020
stjerplak Laren
etnisiteit Caroline Kaart Skotsk
offisjele webside
IMDb-profyl

Kaart bleau yn Nederlân en soe in muzikaal telefyzjeprogramma presintearje, neamd Een liedje met Caroline, dat regissearre waard troch Willy van Hemert. Sy trouden yn 1969. Acht jier letter, yn 1977, giene se lykwols byinoar wei. Dêrnei brûkte se de namme fan har earste man wer.

It die bliken dat se in breed ûntwikkele sjongster wie. Har stim siet tusken dy fan mezzosopraan en alt yn. Se hat optreden yn de Royal Albert Hall yn Londen by in jubileumkonsert foar keninginne Elizabeth II. Se spile yn musicals, lykas Amerika Amerika (1982) fan Jos Brink, dêr't se de rol fan Rea de Vries-Rafalowitz yn hie, en yn 2002 yn Blijvend applaus, yn de rol fan Cecily. Ek wie bekend dat se graach optrede mocht mei ferskate koaren, sawol tsjerke- as seemanskoaren.

Dêrnjonken wie hja jierren de fêste presintatrise fan it populêre radioprogramma Klassiek met Caroline foar de AVRO op Radio 4. Dat die se tegearre mei Joop Stokkermans, dy't har súntsjes op de piano begeliede wylst sy har oankundigingen die. Yn 2002 waard se nei 23 jier troch de AVRO ferfongen, wat har abslút net sinnige.

Se wie noch wol dwaande mei it jaan fan sjongles. Yn har eardere wenplak Blaricum is de Stichting Caroline Kaart festige, dy't de beoefening van poadiumkeunst befoarderet. Yn 1982 waard se ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Caroline Kaart stoar yn 2020 yn de âldens fan 88 jier yn it Rosa Spier Hûs yn Laren.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tags:

15 septimber1931202021 desimberLaren (Noard-Hollân)NederlânOpera (muzyk)PresintatorSjongsterSkotlânSwitserlân

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

May ThaiDigital SinMuzykRia RodrigezGrypskerkMediaWikiSyprusAldfryskAugust TaylorEmiel StoffersServjeShalina DevineHylpenBilly Glide1766Paulina SeikolaBo SinnAnouk WipprechtHeather LeeJayden LeeLiza ShayMuzyksjenre22 julyEjakulaasjeSeksferslavingLetskKristoffel KolumbusPilekaaneftigenKatedraal fan Piazza ArmerinaJulie SkyhighSaotomeeske pappegaaidoMoskou1968NASAMaría del Carmen CarricartBoedismeCountryGrinslân1859NasalearringPersia MonirMolekulêre biologyWhitney TaylorIerdeWilliam ShakespeareFryske talenAnita GyöngyFilmKatedraal fan CataniaHjerringslynderStikelbaarchKunnilingusGiel1928Maksiminus TraksFeankeninginneKylee Strutt5 jannewarisHongarijeWesterske wrâldMicrosoft WindowsBasketbalCherokee d'AssAtenePavel DoerovKolombiaLân2011KleurHaaienAfganistan22 febrewarisSandy Milz🡆 More