Caro Van Eyck

Caro van Eyck, skûlnamme fan Gerarda Jacoba Everdina Taytelbaum (Batavia, 27 novimber 1915 - Amstelfean, 15 septimber 1979) wie in Nederlânsk aktrise.

Caro Van Eyck
Caro van Eyck yn de TV-rige Ritmeester Buat (1968)
Caro Van Eyck
Caro van Eyck yn De zaak Brumen, 1976
Caro Van Eyck
Caro van Eyck en keninginne Juliana (1976)

Op har 14e ferliet de húshâlding Taytelbaum Batavia; heit krige wurk yn Nederlân. Caro studearre ynearsten rjochten en wie fan 1936 ôf oan by it toaniel belutsen. Sa spile se de haadrol yn La machine infernale fan Jean Cocteau by it studintetoaniel. Har beropskarriêre begûn by it Hofstadtoneel. Dêrnei spile se ûnder mear mei it Residentie Toneel, it Amsterdamsk Toanielselskip, it Rotterdamsk Toanielselskip en de toanielgroep Theater en Ensemble. Teffens hat se in stikmannich jierren ferhalen, dy't hja sels skreau, foardroegen.

Yn 1959 ûntfong Van Eyck de Theo Mann-Bouwmeesterring út hannen fan Jan Musch en yn 1979 krige se de Theo d'Or. Dy lêste wie foar har rol as Forsia Dorsey yn Coburn syn Een gelukkige hand. "Ik heb tenminste afscheid genomen met een mooie rol", fertelde Caro van Eyck krekt foar har dea oan har freon de skriuwer Simon Carmiggelt. Yn 1965 waard se teffens beneamd ta Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau.

Van Eyck wie troud mei de akteur Paul Steenbergen en letter mei produsint Hans Boekman. Neist har toanielwurk spile hja ek yn ferskate tillefyzjerigen, ûnder oaren yn: De Stille Kracht (1974), De kleine waarheid (1971), De Kleine zielen (1969), Van oude mensen, de dingen die voorbijgaan (1975) en Ritmeester Buat (1968).

Tillefyzje en film

  • 1955 - Secret File, U.S.A. (Tf-rige)
  • 1964 - Maigret (TV serie) - Frou Serrée
  • 1965 - Dit is het einde (Tf-film) - Eks-frou fan Jan
  • 1967 - Roverssymfonie (Tf-film)
  • 1968 - De geweren van vrouw Carrar (Tf-film)
  • 1968 - Portret van een madonna (Tf-film)
  • 1968 - Ritmeester Buat (Tf-rige) - Widdo Musch
  • 1969 - De kleine zielen (Tf-rige)
  • 1970 - 't Schaep Met De 5 Pooten (Tf-rige) - Frou Irma Bastiaanse
  • 1971-1972 - De kleine waarheid (Tf-rige) - Frou Scalonje
  • 1974 - De stille Kracht (Tf-rige) - De raden-ajoe pangéran
  • 1975 - Het testament van Edgar Allan Poe (TF)
  • 1975 - Amsterdam 700 (TF) - Rosalie
  • 1975-1976 Van oude mensen, de dingen die voorbij gaan (Tf-rige) - Frou Dercksz
  • 1976 - Uit de wereld van Guy de Maupassant (Tf-rige) - Frou Brument
  • 1979 - Erik of het klein insektenboek (TF) - Beppe

Toaniel

Sjoch: Caro van Eyck yn de Nederlânsktalige Wikipedy

Keppeling om utens

Tags:

15 septimber1915197927 novimberAktriseAmstelfeanBataviaNederlânSkûlnamme

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Untsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan TûlaBernardahûsMarilyn MonroeYouTube8VastoPetrustsjerke (Lichtaard)LibbenTennis op de Olympyske SimmerspullenJasmine AlohaNikita ChrûsjtsjovFoarnammeSkiednis fan DútslânYvette BovaPetsjerkski Himelfeart-kleasterFedaSeksuele penetraasje25 junyFilipinenSensual Jane27 maartMahatma GandhiArmeenjeHeidenskHielalSimon & SchusterRome (stêd)Sozialdemokratische Partei DeutschlandsMoskeeThe Number of the Beast (album)1956LondenWrâldkampioenskip fuotbal 1958SielWrâldkampioenskip fuotbal 2006MainzAutoMasturbaasjeBeverly HillsWrâldkampioenskip fuotbal 1998Gjûmri1988PornoaktriseKanonike evangeeljesHêgelânspoarSelebesKrusiging fan JezusBenito MussoliniHTMLHitsumer HichteGeoffrey BayldonIerskMitogondriaal DNADeastrafRjochtsaakRae Lil BlackHelpISSNMeksiko-Stêd1810Famylje (besibskip)IngelânTuberkuloazeLexxxi Lockhart20 maartWrakseljen op de Olympyske Simmerspullen 20001616Wite SeePolly Pons🡆 More