Archeologyske Kultuer

In archeologyske kultuer is yn 'e archeology in patroan fan lyksoartige oantroffen artefakten en oare skaaimerken, ôfkomstich út in dúdlik ôfbeakene perioade en út in begrinzge gebiet.

Soms wurdt ta ûnderskie fan it sosjologyske begryp kultuer de term technologysk kompleks brûkt. Sa'n patroan of assemblaazje wurdt ornearre de materiële oerbliuwsels te foarmjen fan in beskate minsklike maatskippij út 'e prehistoarje. As der sprake is fan mar ien type artefakt, wurdt ynstee fan assemblaazje de term yndustry brûkt.

De konneksjes tusken de ûnderskate artefakten fan in archeologyske kultuer is basearre op it begryp dat archeologen hawwe, en harren ynterpretaasje op basis fan dat begryp, fan 'e libbenswize fan in beskate groep prehistoaryske minsken. Dêryn leit besletten dat der in protte mei teoryen en hypotezes wurke wurdt, dy't mis wêze kinne. De tûke fan 'e archeology dy't him rjochtet op it ûndersyk nei prehistoaryske kultueren is de kultuerhistoaryske archeology.

De gewoante om in archeologyske kultuer te ferneamen nei it plak of in rivier dêr't de earste fynsten dien binne (bgl. de Nakadakultuer), stammet út 'e njoggentjinde iuw. Soms wurdt in archeologyske kultuer ynstee dêrfan ferneamd nei de manear fan begraven (lykas de urnefjildekultuer) of de foarm fan fersiering fan ierdewurk (lykas de klokbekerkultuer of de toubekerkultuer).

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

Tags:

ArcheologyArtefakt (argeology)KultuerMaatskippijMatearjeMinsklikPrehistoarjeSosjology

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

vkeyj1632Demia MoorMya LuannaStammeEjakulaasjeKanadaMediaWikiAllegoryKristoffel KolumbusGrutte OseaanKartaachske RykKate MoreWeenske oester24 aprilMeindert HobbemaRicki RaxxxJoyce OliveiraDriuwtilleSarah YoungWijheJimmy WalesDomtsjerke fan CefalùTsjerke fan Jezus Kristus fan de Hilligen fan de Lêste DagenGangbangTatoeaazjeJohan DerksenNoarwegenList fan planetoïden 49901-50000Ada SanchezStraasburchTúnBrazilian waxLeafdeNatasha StormFryske BernekranteBaalbekMoskou (oblast)Foarbeatsjerke oan de NerlAtlantyske OseaanJeanne d'ArcEastenryk12 septimber1893Johnny CashLondenJosy BlackAlyssa MilanoThird Degree Films15 desimberRottekopMagrebsliepmûsWylpreagerfûgelsDanyel CheeksTaalInes RidereAustraalje (lân)SnoadfoanWarkum (gemeente)HTMLPornografyKya TropicNicole BexleyGalaktysk KeizerrykReade ibisHardenbergVideo Art HollandMarijn KuipersKatee OwenMoskwaComité flamand de France🡆 More