Anton Tkáč

Anton Tkáč (Lozorno, 30 maart 1951 – Bratislava, 22 desimber 2022) wie in Slowaaksk baanhurdfytser.

Yn syn karriêre kaam er by de amateurs út foar it doetiidske Tsjecho-Slowakije. Op 'e wrâldkampioenskippen baanhurdfytsen 1970 yn Leicester wûn Tkáč brûns op 'e kilometer yndividuele tiidrit, tegearre mei Sergej Kravtsov út de Sovjet-Uny; beiden klokten 1.09.23. Hy waard selektearre foar de Olympyske Simmerspullen fan 1972, 1976 en 1980. Yn 1972 yn München waard er trettjinde op de kilometer tiidriden en mei it Tsjecho-Slowaakske team yn de ploege-efterfolging waard er alfde. Hy wûn goud op de sprint op de Olympyske Simmerspullen 1976 yn Montreal, dêr't er yn de finale de Frânske mearfâldich wrâldkampioen en titelferdigener Daniel Morelon fersloech. Op de Spelen fan 1980 yn Moskou foel hy krekt njonken it poadium. Yn de striid om it brûns ferlear er fan Sergej Kopylov út de Sovjet-Uny. Tkáč wie ek trije kear wrâldkampioen op de sprint: yn 1974 yn Montreal (dêr't er Kravtsov yn trije ritten fersloech), yn 1976 (syn olympyske titel telde dat jier ek as wrâldtitel) en yn 1978 yn München, dêr 't er de East-Dútser Emanuel Raasch kloppe.

Anton Tkáč
Anton Tkáč sporter
Anton Tkáč
Anton Tkáč
persoanlike bysûnderheden
echte namme Anton Tkáč
nasjonaliteit Anton Tkáč Slowaaksk
bertedatum 30 maart 1951
berteplak Lozorno
stjerdatum 22 desimber 2022
stjerplak Bratislava
sportive ynformaasje
sport Hurdfytsen
ûnderdiel Baanhurdfytsen
O.S. München 1972
Montreal 1976
Moskou 1980
wichtige prestaasjes
Anton Tkáč 1x goud Olympyske Spullen 1976

Anton Tkáč ferstoar op 22 desimber 2022, yn 'e aldens fan 71 jier.

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Wikipedy:NL

Tags:

195119701972197619781980202222 desimber30 maartBaanhurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 1972Baanhurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 1976Baanhurdfytsen op de Olympyske Simmerspullen 1980BratislavaEast-DútslânFrankrykMontrealMoskouMünchenOlympyske SimmerspullenSlowakijeSovjet-UnyTsjecho-Slowakije

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

HânboekMuzykDomtsjerke fan GrossetoAkkrumJada StevensHûntsjeshâldingMarijn KuipersSuze Boschma-BerkhoutAcademy of Country Music AwardMoslimDuomo San RufinoHylpenSasha BeartMiddelseksMaksiminus TraksRonald ReaganDe DoelleazenWesterske wrâldDomtsjerke fan OrvietoTatrawrotmûsFryske talenAlexa FlexyInterstellar (film)SûpengrottenbrijJaylene RioDe BoarnJoyce OliveiraGamal Abdel NasserNasalearringBoylSaotomeeske pappegaaidoLiteratuerRedbadGeslachtsmienskipYnterprovinsjaal OerlisBethany BenzKatedraal fan Padûa1557Jenny PoussinFrysk1968MiljardêrAle S. van ZandbergenVanda Vitus1766Adina JewelTwadde WrâldkriichHaadsidePaulina SeikolaFryske FrijheidLietMilitêrAugust TaylorCJ MilesBo SinnCriss StrokesLuna SilverPausNij-GuineäTurkskFrankrykFilmKeallepoat🡆 More