Alice Prin

Alice Ernestine Prin, mear bekend as Kiki de Montparnasse (Châtillon-sur-Seine, 2 oktober 1901 – Sanary-sur-Mer, 29 april 1953), wie in Frânsk sjongster, aktrise, skilderesse, model en memoireskriuwster.

Alice Prin
Alice Prin, portret fan Gustaw Gwozdecki, 1920

Libben en wurk

Prin wie in ûnwettich bern en waard grotbrocht troch har beppe. Doe't se tolve wie gie se nei har mem yn Parys om dêr wurk te sykjen. Fan har fjirtjinde ôf oan posearre se neaken foar ferskate byldhouwers, oars tsjin it sin fan har mem.

Rillegau naan se de namme Kiki oan en wie in faak en achtenearre ferskining yn de keunstnersfermiddens fan Montparnasse, út reden dêrfan waard se Kiki de Montparnasse of Reine de la Montparnasse neamd. Yn 1921 waard Prin de partner en it favorite model fan fotograaf Man Ray. Dy makke in grutte mannichte portretten fan haar, wêrûnder syn ferneamde foto fan de sittende frou mei op de rêg de tekende iepeningen fan in sello. Ek draaide er ferskate artistike (stomme) films mei har.

Prin wie ek model foar tal fan oare keunstners, wêr't Gustaw Gwozdecki, Moise Kisling, Tsuguharu Foujita, Chaim Soutine, Sava Sumanovic en Per Krohg ûnder wiene. De fotograaf Julian Mandel makke yn de iere jierren tweintich een spraakmeitsjende searje neakenfoto’s fan har. Pablo Gargallo feriuwige har yn in brûnzen kop (te sjen yn it Louvre). Ta har bêste freonen hearden Jean Cocteau, Arno Breker en Ernest Hemingway.

Prin koe sels ek fertsjinstlik skilderje. Se hie har eigen fariéteeprogramma’s yn Montparnasse en waakste yn de jierren tweintich ta in wichtige eksponint fan de frije liberale kultuer yn it Parys fan doe. In protte lju seagen har as in toanbyld fan de frije, ûnôfhinklike frou. Yn 1929 publisearre se har memoires, mei in foaroanwurd fan Hemingway. Yn 1930 waard de Ingelske oersetting yn de Feriene Steaten ferbean om reden fan de iepenlike beskriuwing fan har seksuele bûtensprongen.

Begjin Twadde Wrâldoarloch ferliet Kiki Parys meidat grute waard dat de Paryske artysten net rekkenje moasten op de tolerânsje fan de Dútsers. Se soe har fierdere libben oan de Côte d'Azur tahâlde. Se stoar dêr yn 1953, yn de âldens fan 51 jier, en waard letter beïerdige yn Parys, op it Cimetière du Montparnasse.

Skulptueren fan Pablo Gargallo

Filmografy

  • 1923 : L'Inhumaine fan Marcel L'Herbier
  • 1923 : Le Retour à la Raison fan Man Ray, koarte film
  • 1923 : Ballet Mécanique by Fernand Léger, koarte film
  • 1923 : Entr'acte fan René Clair, koarte film
  • 1923 : La Galerie des Monstres by Jaque Catelain
  • 1926 : Emak-Bakia fan Man Ray, koarte film
  • 1928 : L'Étoile de mer fan Man Ray
  • 1928 : Paris express of Souvenirs de Paris fan Pierre Prévert en Marcel Duhamel, koarte film
  • 1930 : Le Capitaine jaune fan Anders Wilhelm Sandberg
  • 1933 : Cette vieille canaille fan Anatole Litvak

Literatuer

Keppelings om utens

Tags:

Alice Prin Libben en wurkAlice Prin Skulptueren fan Pablo GargalloAlice Prin FilmografyAlice Prin LiteratuerAlice Prin Keppelings om utensAlice Prin190119532 oktober29 aprilAktriseFrankrykModelSjongster

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

BratislavaMarilyn CrystalNew York CityJoe BidenSome Like It Hot (film út 1959)NovialKya Tropic1918BefolkingOrale seksFellatioBenedictus XVITrije-ienheidskatedraal (Solikamsk)Hillige Roomske Ryk1841Kearnramp fan TsjernobylFryslân Boppe1601 f.Kr.Byldzjende keunstGrutte Priis Formule 1 fan Belgje 2012Noard-MasedoanjeTechnologyAugsburgJ. MacMidsiuwenJulia Tchernei1e iuwFeriene KeninkrykSergio PérezJob CohenLuna SilverRae Lil Black30 junyNewcastle upon TyneBedriuw600 f.Kr.Kongres fan WenenTrio (seksualiteit)LapdanceAdolf Hitler600GokkenGrutte Priis Formule 1 fan Itaalje 2017Dachau (Landkreis)1496Geslachtsmienskip35e iuw f.Kr.Lockheed F-104 StarfighterLjouwert (stêd)TueringenNederlânsk-YnjeKryptogramSofia HelinNoard-IerlânHaadsideGrikelânYndustrialisaasjeMoriah MillsList fan Fryske jongesnammenSARS-CoV-2UpstalbeamGregoriaanske kalinderDavid Ben-GurionMaria Curie-SkłodowskaJeropeeske UnyStromness2601 f.Kr.Astrology2000 f.Kr.KatowiceAquaZoo Friesland🡆 More