Algyske Talen

De Algyske talen of Algonkwynsk-Ritwaanske talen foarmje ien fan 'e grutste en wichtichste kloften fan lânseigen Yndiaanske talen fan Noard-Amearika.

Se falle útinoar yn 'e grutte Algonkwynske taalfamylje en de lytse isolearre talen Joerok (Yurok) en Wiot (Wiyot).

Algyske talen
algemien
oare namme(n) Algonkwynsk-Ritwaanske talen
lokaasje Noard-Amearika
tal talen ±26 en ±29 †
tal sprekkers <150.000
taalbesibskip
taalfamylje gjin algemien akseptearre
heger nivo fan taalfamylje
subgroepen Algonkwynsk
● Ritwaansk
taalkoades
ISO 639-5 aql

It (oarspronklike) spraakgebiet fan 'e Algonkwynske talen beslacht in ûnwittend grut stik fan Noard-Amearika, dat him útstrekt fan 'e eastkust oant djip yn 'e Rocky Mountains, wylst it Joerok en Wiot beide oan 'e Pasifyske kust, yn noardlik Kalifornje, sprutsen waarden. Nettsjinsteande harren geografyske neite binne dy beide talen net nauwer mei-inoar besibbe as mei de Algonkwynske talen. Likegoed wurde se tegearre wol beflapt ûnder de term Ritwaanske talen, mar men moat goed yn 'e rekken hâlde dat dat in geografyske oantsjutting is, en net in taalkundigen-ien.

Taalwittenskippers binne fan tinken dat al dizze talen ôfstamje fan it Proto-Algysk, in twaddetriems foarâlderlike prototaal dy't rekonstruëarre is op grûn fan it sels ek rekonstruëarre Proto-Algonkwynsk, dêr't de Algonkwynske talen út fuortkomme, en de oerlevere talen Joerok en Wiot.

Terminology

De namme "Algysk" (Ingelsk: Algic) is betocht troch de taalkundige Henry Rowe Schoolcraft, dy't it brûkte foar syn Algic Researches, in wurk dat publisearre waard yn 1839. Schoolcraft definiëarre de term as: "ôflaat fan 'e wurden "Alleghany" [in rivier] en "Atlantic", ferwizend nei it ras fan 'e Yndianen dat fan âlds yn dit geografysk gebiet tahâldt." Syn terminology waard lykwols net beholden, mei't wat hy "de Algyske talen" neamde neitiid by de Algonkwynske talen foege waard. Mar doe't de taalkundige Edward Sapir yn 1913 foar it earst fêststelde dat it Joerok en Wiot besibbe wiene mei de Algonkwynske talen, besleat er de term "Algyske talen" te recycljen as de namme fan 'e taalfamylje dy't sawol de Algonkwynske as de beide Kalifornyske talen omfieme.

Algyske Talen 
Fersprieding fan 'e Algyske talen yn Noard-Amearika foarôfgeande oan 'e kolonisaasje troch de blanken.

Opbou

N.B.: de termen "Ritwaanske talen", "Flakte-Algonkwynske talen" en "Middenalgonkwynske talen" binne geografyske termen sûnder taalkundige basis. Inkeld de Eastalgonkwynske talen is fan bewiisd dat se neier oaninoar besibbe binne as oan 'e rest fan 'e Algonkwynske famylje.

  • Algyske talen
    • Ritwaanske talen †
      • Joerok (Yurok) † 2013
      • Wiot (Wiyot) †
    • Algonkwynske talen
      • Eastalgonkwynske talen
        • Abenaky (Abenaky)
          • Eastlik Abenaky of Penobskot (Eastern Abenaki of Penobscot) †
          • Westlik Abenaky of Abenaky (Western Abenaki of Abenaki)
        • Delawêr (Delaware)
          • Munsy (Munsee)
          • Unamy (Unami) †
        • (?) Etsjemin (Etchemin) †
        • Karolina-Algonkwynsk (Carolina Algonquian) †
          • (?) Lumby (Lumbee) †
          • Pamliko (Pamlico) †
        • Kwiripy (Quiripi) †
          • Kwinnipiak (Quinnipiac) †
          • Mattabesik (Mattabesic) †
          • Naugatuk (Naugatuck) †
          • Pôgusset (Paugussett) †
          • Potatuk (Potatuck) †
          • Unkwatsjok (Unquachog) †
          • Wiintinok (Weantinock) †
        • (?) Lûp (Loup) †
          • (?) Lûp A (Loup A) † (kin wierskynlik lykslein wurde mei it Nipmuk, Nipmuc)
          • (?) Lûp B (Loup B) †
        • Malisiit-Passamakwoddy (Maliseet-Passamaquoddy)
          • Malisiit (Maliseet of Malecite)
          • Passamakwoddy (Passamaquoddy)
        • Massatsjûset (Massachusett) ±1885-1993 †
          • Natik (Natic) †
          • Naugatuk (Naugatuck) †
          • Naumkeäch (Naumkeag) †
          • Nauset (Nauset) †
          • Pokanoket (Pokanoket) †
          • Wampanoäch (Wampanoag) ±1885-1993 †
        • Mikmak (Micmac)
        • Mohegan-Pikwot †
          • Mohegan (Mohegan) †
          • Montauk (Montauk) †
          • Njantik (Niantic) †
          • Pikwot (Pequot) †
          • (?) Sjinnekok (Shinnecock) †
        • Mohikaansk (Mahican) †
        • Nantikook-Piskatawee †
          • Nantikook (Nanticoke) †
          • Piskatawee (Piscataway) †
        • Narraganset (Narragansett) †
        • Pouhattan (Powhatan) †
        • (?) Sjinnekok (Shinnecock) †
      • Flakte-Algonkwynske talen
      • Middenalgonkwynske talen
        • Kry-Montanjeesk-Naskapy
          • Attikamek (Atikamekw)
          • Kry (Cree)
            • East-Kry (East Cree)
              • Noardlik East-Kry (Northern East Cree)
              • Súdlik East-Kry (Southern East Cree)
            • Eland-Kry (Moose Cree)
            • Flakte-Kry (Plains Cree)
            • Somp-Kry (Swampy Cree)
            • Wâld-Kry (Woods Cree)
          • Montanjeesk (Montagnais of Innu)
            • Eastlik Montanjeesk (Eastern Montagnais)
            • Westlik Montanjeesk (Western Montagnais)
          • Naskapy (Naskapi)
        • Majêmy-Illinois (Miami-Illiois) †
          • Illinois (Illinois) †
          • Majêmy (Miami) † (wurdt wer nij libben ynblaasd)
        • Menominy (Menominee)
        • Meskweky (Mesquakie)
          • Kikkepû (Kickapoo)
          • (?) Maskouten (Mascouten) †
          • Sôk en Foks (Sauk and Fox)
            • Foks (Fox)
            • Sôk (Sauk)
        • Odjibwe-Potawatomy
          • Potawatomy (Potawatomi)
          • Odjibwe-Ottawa
            • Algonkin (Algonquin of Algonkin)
            • Odjibwe (Ojibwe, Ojibwa of Ojibway)
              • Eastlik Odjibwe (Eastern Ojibwe)
              • Flakte-Odjibwe (Plains Ojibwe of Saulteaux)
              • Noardwestlik Odjibwe (Northwestern Ojibwe)
              • Sintraal Odjibwe (Central Ojibwe)
                • Nipissing (Nipissing)
                • Mississauga (Mississauga)
              • Súdwestlik Odjibwe (Southwestern Ojibwe of Chippewa)
            • Odjy-Kry (Oji-Cree)
            • Ottawa (Ottawa)
        • Sjâny (Shawnee)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en Bibliography, op dizze side.

Tags:

Algonkwynske talenIsolearre taalNoard-AmearikaTaalYndianen

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Jureka del MarGielShalina DevineClara Trinity23 aprilRia RodrigezNew York Stock ExchangeTriem (ynformatika)WetBeagle (skip)Vina Sky873 f.Kr.SeksferslavingDútslân1766Domtsjerke fan ParmaGrover ClevelandYnterprovinsjaal OerlisRae Lil BlackJean-Yves LecastelMenno Bandstra9e iuw f.Kr.FrankrykInterstellar (film)Aleksander PûsjkinSlavyske talenSuffolkSûpengrottenbrijPet (holdeksel)2020Molekulêre biologyServjeBaronLetskBilly GlideHimelfeartsdeiDaisy SummersPausOflûken (seksualiteit)LeppelbekKleanVanda VitusFingerjenDe BoarnMuzyksjenreSint-Frederikustsjerke (Steggerda)FideospultsjeMûs (kompjûter)American Music AwardKolombiaProvinsjes fan NederlânNashville (Tennessee)Album (muzyk)Fryske talenSeksuele penetraasjeIerdeJohnny CashMartijn Theodoor HoutsmaSkrikkeljier fan tongersdei ôfSasha BeartDomtsjerke fan OrvietoAnale seksWikipedyNederlânNoardfryskAldskouKristoffel KolumbusArwen GoldKeiran LeeMiranda Werkman🡆 More