Alexander Comrie (16 desimber 1706, Perth – desimber 1774, Gouda) wie in griffoarmearde predikant en ien fan de lêste fertsjinwurdigers fan de Fierdere Reformaasje.
Hy fersette him tsjin de opkommende geast fan Ferljochting. Sawol Abraham Kuyper (ARP) as Gerrit Hendrik Kersten (Steatkundich Grifformearde Partij) fielden har troch Comrie ynspireare.
Alexander Comrie stamme fan memmekant fan Andrew Gray ôf. Om syn 22e hinne kaam Comrie nei Hollân, dêr't er troch in pear rike freonen by steat steld waard om teology te studearjen. Op 1 maaie 1735 waard er befestige yn Woubrugge, dêr't er 38 jier bleaun is. Yn 1773 gie er mei emeritaat. Hy festige him dêrnei te Gouda, dêr't er yn desimber 1774 oerleden is. Hy waard begroeven yn de Sint-Janstsjerke yn Gouda.
Comrie hat as preker foaral striden tsjin de spoaren fan de Ferljochting dy't yn de tsjerke en teology te finen wienen. It wie de geast fan tolerânsje, dêr't in tuskenwei socht waard tusken de âlde ortedoksy fan de Synoade fan Dordrecht en it Ferljochtingstinken.
Alexander Comrie hat trijeris troud west: yn 1737 mei Johanna de Heyde, dy't al nei in jier houlik ferstoar, doe mei Maria van der Pijl en dêrnei mei Catharina de Reus, dy't him oerlibbe.
Comrie hat 23 wurken skreaun. It meast bekend is syn ABC des geloofs.
Hjirûnder it measte fan syn wurk op alfabetyske folchoarder:
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Alexander Comrie, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.