Wurdfrissel

In wurdfrissel is in taalpuzel dêr ’t wurden troch elkoar flechte wurde moatte yn in fjild mei losse fekjes.

De puzels binne betocht troch puzelútjouwer Jelmer Steenhuis en ferskine al jierren geregeldwei yn de NRC ûnder de namme 'Woordvlechten'.

Wurdfrissel
Foarbyld fan in wurdfrissel
Wurdfrissel
Oplossing fan de wurdfrissel

De frege wurden foarmje ûnderling langere wurden of wurdkombinaasjes dy ’t yn de puzel troch linen mei elkoar ferbûn binne. De kleur fan de linen jout oan fan wêr oant wêr in langer wurd rint. Yn it Fryske foarbyld hjirnjonken moatte de koarte wurden ynfold wurde yn pompeblêdsjes. De omskriuwings fan de sochte wurden steane op alfabetyske folchoarder ûnder elkoar. De langere wurden steane beskreaun yn in eigen kolom. Efter de omskriuwings stiet tusken heakjes oanjûn hoefolle letters it omskreaune wurd hat.

Foarbyld

Yn it foarbyld moatte de koarte wurden yn ynfold wurde yn pompeblêdsjes. De omskriuwings fan de sochte wurden steane of alfabetyske folchoarder hjir ûnder. Ien oplossingswurd is al ynfold.

Omskriuwings by de foarbyldpuzel (alfabetysk)

Koarte wurden

  • arbeid (4)
  • brân (5)
  • fartúch (4)
  • ferfiermiddel (4)
  • heech gebou (4)
  • klinkert (5)
  • nachtfûgel (3)
  • pear (4)
  • timmerark (4)
  • timmermateriaal (4)

Lange wurden

  • feimasine (12)
  • ferfiermiddel foar boskarbeiders (8)
  • goudûle (7)
  • ynstallaasje foar oaljewinning bg.(8)
  • knalartikel (9)
  • ljochtbeaken (9)
  • lytse ûle (8)
  • mûklaach (7)
  • om gatten yn muorren te meitsjen (9)
  • om gatten yn planken te meitsjen (8)
  • reade wikel (8)
  • timmerarbeid (8)
  • trijehoek op it dak fan in boerepleats (8)

Boarnen, noaten en referinsjes

Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Referinsje

Taalpuzels

anagrampuzeldrûdelfilippinehertpuzelhynstesprongkryptogramkrúswurdpuzelpaspuzelpazurgopentagrampuzelpetpuzelrebussânglêspuzelscrabblesitaatpuzelslashpuzelspiraalpuzelSweedske puzeltaartpuzeltrochrinnerwordfeudwurdfrisselwurdlwurdljedderwurdriuwenwurdsiker

Tags:

Taalpuzel

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

Skamte (anatomy)Sinkiang1975RHeldDûmnyBlanche BradburryStanderttype VierlingsbeekSlot55Benediktus fan NursiaWetterstofJohn A. BurnsAchlumStasjon UitgeestHeakjeDemi MooreWesterlauwerskFraeylemamûneTony van der MeulenJasser ArafatOseaanjeStasjon Amsterdam Willemspoarte68Arnhim59AlgebraKastiel Balmoral1843VYTrio (seksualiteit)Stasjon Alkmar Noard1951MJohnny CashLeppeltsje-leppeltsjeMaart1933Blu-rayMarkgreveStasjon d'Eenhonderd RoeSynagogeTsjerke3625AekingersânSkrapke3565Parys5Katia De LysFerljochting (streaming)TabakList fan spoarstasjons yn AmsterdamNoardfryskSymboalIrakBarkoadeDaisy Ducati🡆 More