Vdl Berkhof

VDL Berkhof is in fabrikant fan sawol touringcars as steds- en streekbussen.

Vdl Berkhof
Dizze side moat noch by de tiid brocht wurde.
Jo wurde útnûge om dêr in begjin mei te meitsjen


Vdl Berkhof
In Berkhof Duvedec fan de RET op de Willemsbrêge
Vdl Berkhof
Berkhof Jonckheer SB250 fan de GVB
Vdl Berkhof
Berkhof Axial fan Blue Lines Coaches (België)

Skiednis

It bedriuw waard yn 1970 oprjochte troch Arthur Berkhof yn Valkenswaard. Oarspronklik waarden allinnich reparaasjes oan autobussen útfierd; letter begûn it bedriuw ek touringcars te bouwen, yn haadsaak op DAF-sjassys en wat minder ek op AB Volvo en MAN-sjassys. De lêste jierren bout it bedriuw ek in soad yntegraalbussen.

Yn 1989 naam Berkhof Hainje út It Hearrenfean oer en feroare de namme fan Hainje yn Berkhof It Hearrenfean. Dat bedriuw bout benammen steds- en streekbussen. Yn 1994 sleat de Belgyske bussebouwer Jonckheere út Roeselare him oan by de Berkhof Groep.

Yn 1998 waard de Berkhof groep oernommen troch Van der Leegte (VDL), fan oarsprong in konstruksjebedriuw mei it haadkantoar yn Eindhoven.

Yn 2003 fierde VDL nammeferoaringen troch, wêrnei't it busboubedriuw oantsjutten waard as VDL Berkhof, ûnderdiel fan de VDL Bus Groep. Oare bedriuwen yn dy groep binne VDL Jonckheere, VDL Kusters en VDL Bova.

Nei in oantal minne jierren giet it wer folle better. Berkhof hat in oantal busmodellen dy 't it goed dogge, lykas de Axial, Ambassador en Diplomat. Meiïnoar bouwe de Berkhof-bedriuwen sawat 600 bussen yn 't jier.

Foar Connexxion yn Fryslân binne yn It Hearrenfean spesjale bussen ûntwikkele, nammentlik de Frysker. De yntroduksje dêrfan yn 2007 rûn troch technyske mankeminten oan de remmen fertraging op.

Keppeling om utens

Tags:

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

1874Emily RatajkowskiRoomsk-katolike tsjerkeMozilla ThunderbirdSkimmelsEtiopyske kalinderJoaden1909DútskIt Selskip fan de RingLibeariaIran2014JierUPausMoriah MillsWolfYndiaMoskou1995BangladesjJ18091928Zheng He1 oktoberJunySkriftM20e iuwElektroanika1895KoreaanskLaosJapanske yenKaspyske See26 maartGodSweden1865Marijn KuipersPortegeesk33HûnHanny MichaelisElizabeth Bowes-Lyon19203BarranquillaIlse DeLangeStar WarsIerlânYndianen95KristendomFoarum foar Demokrasy78ErebiaPeriodyk systeem fan de eleminten10 junyNij-KaledoanjePrusenFingerjenFaustina de AldereBlanche Bradburry64Noelle EastonJapansk🡆 More