Taeke Cnossen (Idzegea, 20 juny 1896 - Ljouwert, 12 jannewaris 1988) wie in Nederlânske sjoernalist.
Taeke Cnossen | ||
Taeke Cnossen (1961) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Taeke Cnossen | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 juny 1896 | |
berteplak | Idzegea | |
stoarn | 12 jannewaris 1988 | |
stjerplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
berop/amt | Sjoernalist | |
jierren aktyf | fanôf 1919 |
Doe't er achttjin jier âld wie makke Cnossen syn earste reis nei de Feriene Steaten, yn 1924 en 1929 reizge er troch Kanada, tegearre mei de yn Nederlân bekende grifformearde dûmny Henry Beets. Hy wie redakteur by it grifformearde Friesch Dagblad (1919-1921) en it antyrevolúsjonêre deiblêd De Standaard (1921-1943).
Cnossen wie ien fan de mei-oprjochters (mei prof. dr. A.A. van Schelven) fan de Grifformearde Emigraasje Feriening (GEV), oprjochte op 23 novimber 1927. Nei in reorganisaasje gie de GEV op in bredere protestantsk-kristlike basis fierder as de Kristlike Emigraasje Sintrale (CEC) sûnt 5 febrewaris 1938. Nei de Twadde Wrâldoarloch soe de CEC in grut oandiel hawwe yn de begelieding en organisaasje fan de Nederlânske lânferhuzing nei benammen Kanada, Austraalje en de Feriene Steaten, dêr't persintueel sjoen in soad grifformearden hinne teagen.
Yn septimber 1946 waard Cnossen direkteur fan de Sintrale Stichting Lânbou Emigraasje (CSLE), mar hy bleau aktyf binnen de CEC. Hy soe him mei Abraham Warnaar (1893-1975) oant april 1965 in entûsjast en flamboyant lieder fan dy emigraasjesintrale toane. Cnossen waard yn 1952 beneamd ta offisier yn de Oarder fan Oranje-Nassau.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Taeke Cnossen, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.