Sylvana Indira Nikita IJsselmuiden (Ljouwert, 24 novimber 1994) is in Frysk presintatrise en aktrise.
Sylvana IJsselmuiden | ||
tillefyzje- en/of radiopersoanlikheid | ||
Sylvana IJsselmuiden | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sylvana Indira Nikita IJsselmuiden | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 24 novimber 1994 | |
berteplak | Ljouwert | |
etnisiteit | Frysk | |
wurkpaad | ||
wurksum as | presintatrise, aktrise | |
medium | Tillevyzje | |
wurksum by | SBS 6, Dumpert, XITE | |
bekend fan | Kameleon |
Sylvana IJsselmuiden is berne op 24 novimber 1994 yn de Fryske haadstêd Ljouwert.
Sylvana IJsselmuiden har karriêre begûn op it beukertoniel en poadium. Sy gong dêrnei nei de hafû. Nei de hafû studearre se artyst drama. Sylvana IJsselmuiden har telefyzjekarriêre begûn as presintatrise by SBS 6. Hja krige dêr ferskate putsjes as presintatrise foar programma’s by SBS 6. Dêrneist docht se ek in soad by Dumpert, ûnder oare as presintatrise.
Ek wie Sylvana IJsselmuiden te sjen yn in tal searjes en films. Hja is ek tige aktyf op it sosjalemediaplatform Instagram, dêr't se in soad folgers hat. Yn 2020 waard se ferkeazen ta moaiste frou fan 2020 fan Nederlân. Dêrneist presintearre sy de Formule 1 show fan Autobahn en spile sy yn de film Kameleon.
Yn 2021 die Sylvana IJsselmuiden ek mei oan it telefyzjeprogramma Expeditie Robinson. Dat hat har karriêre in grutte ympuls jûn, om't se dêrtroch noch mear bekend waard as foarhinne. Ek die se in 2023 mei oan Hunted Vips. Sylvana foarme dêr in duo mei Sandra Ysbrandy.
This article uses material from the Wikipedia Frysk article Sylvana IJsselmuiden, which is released under the Creative Commons Attribution-ShareAlike 3.0 license ("CC BY-SA 3.0"); additional terms may apply (view authors). Ynhâld is beskikber ûnder CC BY-SA 4.0, at net oars neamd wurdt. Images, videos and audio are available under their respective licenses.
®Wikipedia is a registered trademark of the Wiki Foundation, Inc. Wiki Frysk (DUHOCTRUNGQUOC.VN) is an independent company and has no affiliation with Wiki Foundation.