Strjitte Fan Hormûz

De Strjitte fan Hormûz of Strjitte fan Ormoes (Perzysk:تنگه هرمز , Arabysk: مضيق هرمز) is in seestrjitte tusken de Perzyske Golf in it westen en de Golf fan Oman yn it easten.

Strjitte fan Hormûz
Strjitte Fan Hormûz
Lokaasje tusken Iran en de Feriene Arabyske Emiraten
See Perzyske Golf
Koördinaten {{{koordinaten}}}
Oerflakte
Djipte (maks.) m
Trochsneeddjipte {{{trochsneeddjipte}}} m
Trochsneeddjipte m
Breedte 60 km
Maks. breedte {{{breedtemaks}}}
Maks. breedte 100 km
Lingte
Oer
Strjitte Fan Hormûz
Traffic Separation Scheme (TSS), oanjûn mei blauwe pylken

Benoarden dit wetter leit Iran en yn it suden lizze de Feriene Arabyske Emiraten en in eksklave fan Oman.

Yn de strjitte lizze ferskate eilannen. Hormûz, Kish, Qishm, Aboe Musa en de Grutte en Lytse Tunbs. Dize eilannen binne strategysk fan grut belang.

Strategysk belang

De Strjitte fan Hormûz is in wichtige skipfeartrûte, benammen foar it ferfier fan ierdoalje út de Golfregio; it is de iennige útgong fan de Perzyske Golf. Trochstrings komme eltse dei sa'n 15 tankers mei 16.5 oant 17 miljoen fetten rauwe oalje troch dizze seestrjitte. Dit is 40% fan alle oalje yn de wrâld dat mei it skip ferfierd wurdt, en 20% fan alle wûne oalje yn de wrâld.

Op in parsekonferinsje op 18 desimber 1997 ferklearre pleatferfangend minister fan Bûtenlânske Saken fan Iran Abbas Maleki, dat Iran de frije skipfeart stipet, mar dat Iran wol it rjocht hat om de Strjitte te sluten yn gefal at it bedrige wurdt.

Ek yn it ferline wie de strjitte al strategysk wichtich. De Portugezen stiften der yn de 16e iuw in hannelspost op it eilân Hormuz. Dy waard lykwols yn 1622 troch sjah Abbas I mei help fan ûnder oaren de Ingelsman William Baffin ferovere en sa waarden de Portugezen út Iran ferdreaun. Abbas stifte doe de stêd Bandar Abbas, mei de bedoeling kontrôle oer it skipfeartferkear te krijen. De VOC krige doe in hannelspost yn dy stêd.

Skippen moatte yn de seestrjitte in Traffic Separation Scheme (TSS) oanhâlde, wat de skipfeart nei en fan de Perzyske Golf út elkoar hâldt om it risiko fan oanfarringen te beheinen. De farwei is ferdield yn twa banen fan 2 km breed, ien foar hinne en ien foar werom, dy't twa km út elkoar lizze.

Tags:

ArabyskEksklaveFeriene Arabyske EmiratenGolf fan OmanIranOmanPerzyskPerzyske GolfSeestrjitte

🔥 Trending searches on Wiki Frysk:

GoldbandWinteroarlochMadamJack NicholsonUntsliepeniskatedraal yn it kremlyn fan TûlaKanonike evangeeljesJimmy Wales8HarsensHânbal op de Olympyske Simmerspullen 2000Bôgesjitten op de Olympyske Simmerspullen 2004Osmaanske RykKristendomJamie Lee CurtisHitsumer HichteWrâldkampioenskip fuotbal 2014KairoTurkish AirlinesIslamHasmoneeërsChartres20 maartMichael JordanDjakartaKalkoenenRyksuniversiteit GrinsNicolette SheaHockey op de Olympyske Simmerspullen 2000Underwiis27 maartWarsjaupaktKomôfLéa (bibelsk persoan)KonservatismeAnton Tsjechov1990MyanmarHilligeMinnie BeetsAudulfRoomsk-Katolike TsjerkeGenetyske technologyStavangerDesmond TutuRjochtJade FengChewbaccaFingerjenThe Number of the Beast (album)Skearmês fan OckhamPeaskeGR-PadenSân deugdenLynsey de PaulKaraseeRosa CaraccioloEtiopysk-Otterdokse TsjerkeReligieuzeHeidenskNoardatlantyske FerdrachsorganisaasjeWrâldkampioenskip fuotbal 19862010DirekteurAdolf HitlerSwedenDeastrafVoronezj (oblast)HongkongSkotlânFilosoofNHiphopTibeariusTsjechje🡆 More